NIJS   21-06-2019


Foarútbuorkje mei feangreide en bioferskaat

‘Pykje’ wie op de poster it symboal foar de FNP yn ferkiezingstiid om serieus te ynvestearjen yn de greidefûgel. Yn it koalysje-akkoart binne nije doelen fêststeld foar it tal greidefûgels yn gebieten mei agrarysk natuerbehear

"Tsien miljoen ekstra foar Feangreide problematyk!" (Wopke Veenstra)

Greidefûgels

Der komt in werstelprogramma foar de bioferskaat yn Fryslân. Wy hawwe dêr yn it nije bestjoersakkoart € 3,0 miljoen foar oer.

‘Pykje' wie op de poster it symboal foar de FNP yn ferkiezingstiid om serieus te ynvestearjen yn de greidefûgel. It doel is no: it tal greidefûgels yn gebieten mei agrarysk natuerbehear nimt ta. Der wurdt € 5,4 miljoen yn stutsen. Ynklusyf maatregels tsjin predaasje, hanthavening en oanpassingen yn it lânskip. Wat it lânskip oangiet: wy belûke de gefolgen foar it lânskip eksplisyt yn al ús (belieds-)karren. Tsjin it ferdwinen en ferflakjen fan karakteristike kultuerhistoaryske sleatten, terpen, elzesingels en dykswâlen sil de kommende perioade mear dien wurde.

 

Feangreide

Der is in kar makke foar it ambysjenivo foar it Fryske feangreidegebiet op basis fan de Maatskiplike Kosten Baten Analyze. Fierder binne der de útkomsten fan de ûndersiken en gebietsprosessen ‘fan ûnderen op' yn de kânsrike gebieten dy't útfierd wurde. De peilen geane (op plakken no ek al) omheech. De provinsje stekt der aanst € 10 mln (ekstra) yn. Dat is noch boppe-op wat der no al yn de gebietsprosessen omgiet. Der wurdt ek jild fan it Ryk ferwachte no't de oanpak fan de feangreide yn it lanlike Klimaatakkoart ta in lanlik spearpunt ferklearre is.

 

Lânbou

De biologyske lânbou yn Fryslân krijt de mooglikheid om fiks fierder te groeien. De ‘gongbere' lânbou wurdt mear natuerynklusyf wêrtroch foar natuer en miljeu ek ‘meters makke' wurde kinne. Finansiering moat út de reguliere jildstreamen komme, û.o. de saneamde ‘twadde pylder' fan it lânboujild út de Europeeske Uny.

 

FNP docht it! #3

Sjoch ek ús berjochten út de ferkiezings
1. "Fryslân kin de wrâld sûn en duorsum iten jaan!" 
2. "Us ynset foar it Fryske lânskip"



Tags: feangreide, lanbou, natuer en lanskip

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer