NIJS   24-06-2019


Wy ynvestearje 20-25% mear yn taal en ûnderwiis

Taal en kultuer drage tige by oan de identiteit en dêrmei oan it wolwêzen fan minsken. Der wurdt dizze perioade gâns ekstra ynvestearre; yn taal en ûnderwiis, mar ek yn skaaimerkend Frysk erfguod en kultuer.

"Grutte ynset foar Fryske taal, kultuer & ûnderwiis" (Corlienke de Jong)

Taal en ûnderwiis

Wy ynvestearje dizze perioade gâns ekstra yn taal en ûnderwiis: 20-25% mear as de foarige perioade, dat is 6 miljoen euro der by op. De twadde faze fan it Aksjeplan Frysk foar de skoallen wurdt yn gong set. Op termyn gjin ûntheffingen mear mar stimulânsen foar skoallen dy't foarút buorkje mei it Frysk. Wy geane troch mei de suksesformule fan hieltyd mear trijetalige skoallen en twatalige pjutteboartersplakken. Der komme nije kearndoelen foar it Frysk. De trochgeande learline Frysk krijt fierder stal, wy geane troch mei de stipe oan NHL/Stenden foar de learare-oplieding sadat alle learkrêften mei in passend foech foar de klasse komme.

 

Digitale helpmiddels

Digitale helpmiddels foar it Frysk binne der troch inisjativen fan de FNP kaam; dat wurk wurdt no struktureel makke. De AFUK, Tresoar, de Omrop en de Frysktalige literatuer kinne wer op stipe fan de Provinsje rekkenje. Der leit 5 ton provinsjaal jild klear foar Fryske gemeenten dy't mei aktyf taalbelied dwaande binne. De útfiering fan de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer mei it Ryk wurdt mei faasje trochset. Ynklusyf in aktive rol fan de Provinsje as Taalskipper.

 

Ynspeksje

Foech: wy wolle ta op in meitinkende ûnderwiisynspeksje foar it Frysk. Der wurde no ek sichtbere resultaten ferge mei it Frysk en it tal learlingen dat de taal aktyf behearsket. Wy sette der op yn om de ynspeksje foar it Frysk oer te nimmen en nei Fryslân te heljen.

Sintrale doel by ús ynspanningen is dat it brûken fan it Frysk (en de streektalen yn Fryslân) troch ynwenners, Fryske organisaasjes en yn de iepenbiere romte sichtber en mjitber tanommen is.

 

Erfguod

It behâld en behear fan erfguod krijt in mear solide, strukturele basis (jild). Jierliks giet it om € 275.000, dy't de provinsje neist it jild fan it Ryk foar dit doel leit. Alde Fryske Tsjerken, pleatsen, histoaryske mûnen en oar Frysk erfguod moat dêr fan profitearje. As doel wolle wy dat der aanst op syn minst 125 ryksmonuminten opknapt binne. Organisaasjes lykas Tsjerkepaad, StAF, Monumintenhûs, kultuertoerisme en archeology krije fan ús mear struktureel jild. De FNP hat him de ôfrûne jierren foar gâns wat organisaasjes en aktiviteiten op dit mêd hurd makke.

 

Kultuer

Legacy: it erfskipprogram foar LF2028 is aanst folle dwaande mei sterke kulturele produksjes dy't ferbûn binne mei ús Iepen Mienskip; bydragen oan it kulturele fjild, kultuertoerisme, it festigings- en wenklimaat en de leefberens yn Fryslân.

Wy lizze ekstra klam op klassike muzyk, harmony, fanfare en brassbands, pop, (lokaasje)teäter en byldzjende keunst. Itselde jildt foar de Fryske kultuersporten. Skaaimerkende mienskipskultuer lykas de HaFaBra, Fryske sporteveneminten en - organisaasjes en de iepenloftspullen sille hjir fan profitearje kinne. 

Op oanstean fan de FNP komt der yn 2021 in kongres wêrby't de skiednis en de kultuer fan de minsken om de Noardsee hinne sintraal stiet.

 

FNP docht it! #4


Sjoch ek ús berjochten út de ferkiezings
1. Heakje Hafabra ta oan Fryske keunstynfrastruktuer  
2. "Alderein Stiens hie graach yn it Frysk skriuwe wold" Bloch fan Petra Dol (Fidesta)



Tags: Frysk en Meartaligens, Kultuer

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer