NIJS   08-07-2019


Fragen yn Steaten oer mooglike komst sinneparken Iselmar

De FNP stelt mûnlinge fragen oer de mooglike komst fan sinneparken op de Iselmar yn provinsjale Steaten op 10 juny. Oanlieding is de petysje út de regio dy’t oan de Steaten oanbean wurdt. De FNP wol it lânskip fan de Fryske Iselmarkust hoedzje en is dêrom tsjin in eventuele grutskalige ûntwikkeling mei sinneparken yn dit gebiet.

"Iselmar frij hâlde fan grutskalige sinneparken" (Sijbe Knol)

Energieverkenning

Wurdfierder Romte en Wenjen Sijbe Knol wol fan deputearre Poepjes witte wat de status is fan de ‘Energieverkenning IJsselmeergebied' dêr't it idee fan de grutte sinneparken foar de Iselmarkust ein 2017 foar it earst yn neamd is. Hy wol ek witte oft it Kolleezje fan DS al posityf reagearre hat op ûnderdielen fan dit rapport. ‘Sa fier bekend soe dy Energieverkenning in mooglike boustien wêze foar in noch op te stellen Regionale Fryske Enerzjy Strategy (RES), mar ek net mear as dat. Dus hoe sit dit no krekt?'

 

Natura 2000

De FNP wiist der yn de fragen op dat de Iselmar de status hat fan Natura 2000 gebiet, dêr't net samar boud wurde kin. Grutskalige al dan net driuwende sinneparken soene ek net passe yn it hjoeddeistige romtlike belied foar de Iselmarkust. Knol: ‘It nije Fryske bestjoersakkoart wol it lânskip hoedzje by de enerzjytransysje en rekken hâlde mei regionaal draachflak. Dus grutskalige nije sinneparken foar de kust dy't de hiele gemeenteried fan Súdwest Fryslân ôfwiisd hat binne wy dêrom op tsjin. De Iselmarkust hat mei de besteande wynparken en plannen foar sânwinning al genôch foar de kiezzen krigen.'



Downloads:
Mûnlinge fragen sinneparken iselmar


Tags: enerzjy en duorsumens, natuer en lanskip

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer