NIJS   09-12-2019


FNP: binne âldere wynmûnen noch wol feilich?

Nei oanlieding fan in omfallende wynmûne by Jorwert, stelt de FNP skriftlike fragen oan it kolleezje oer de feiligens fan âldere wynmûnen yn Fryslân en de kontrôle dêrop. Krekt by âldere wynmûnen is te ferwachtsjen dat dy nei ferrin fan tiid konstruktyf efterút gien binne.

"Is it tafersjoch wol op oarder?" (Sijbe Knol oer âldere wynmûnen)

Jierlikse kontrôle fan de feiligens

Wetlik sjoen hawwe eigners fan wynmûnen de ferplichting om elk jier de steat fan ûnderhâld beoardielje te litten troch in saakkundige. FNP-wurdfierder Sijbe Knol: ‘Gelokkich binne der gjin persoanen ferwûne rekke. Wy wolle fan it kolleezje witte oft de provinsje de feiligens fan wynmûnen kontrolearret en oft it kolleezje in oersjoch hat fan de âlderdom en konstruktive feiligens fan de wynmûnen yn Fryslân.' De FNP freget him dêrneist ôf wêrom't de wetlike easken foar âldere wynmûnen minder strang binne as foar nije eksimplaren.

 

Omfallende wynmûnen

Ofrûne snein wie Jorwert ynienen lanlik yn it nijs. Krekt bûten it doarp wie in wynmûne omfallen en dy lei no op de dyk, nei alle gedachten troch de hurde wyn. Earder dit jier wie yn Kleaster-Lidlum ek al in fergelykbere wynmûne op in stâl delkaam. Yn beide gefallen gie it om eksimplaren fan sa'n 30 meter heech, dêr't yn de jierren '80 en '90 in soad fan boud waarden. De FNP makket him soargen oer de risiko's dy't ferbûn binne mei de omfallende mûnen.   

 



Downloads:
Skriftlike fragen omfallende wynmûnen
Antwurdbrief skriftlike fragen omfallende wynmûnen


Tags: enerzjy en duorsumens

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer