NIJS   11-03-2020


FNP, CDA en 50PLUS: Gjin enerzjylânskip op goede lânbougrûn

FNP, CDA en 50PLUS hawwe grutte muoite mei plannen foar in mega-sinnepark oan de súdkant fan Ljouwert. Tiisdei wie der in besletten gearkomste foar omwenjenden oer plannen foar in sinnefjild fan mear as 60 hektare yn it iepen lânskip en op lânbougrûn dêr’t eartiids de Middelsee lei. It is boppedat in gebiet dêr in soad greidefûgels libje. De trije steatefraksjes hawwe fragen stelt oft de plannen wol yn oerienstimming te bringen binne mei de útgongspunten fan de provinsje.

"Meitsje fan ús lânskip gjin enerzjyfabryk" (Sijbe Knol)

Op de gearkomste waard dúdlik dat sawol de omwenjenden as ek de enerzjykoöperaasje Goutum net of mar summier ynformearre wiene oer it projekt. De projektûntwikkelder stelde dat de gemeente en provinsje al trije moannen op de hichte binne fan de plannen en dat in oanfraach foar in omjouwingsfergunning nije wike al yntsjinne wurde sil by de gemeente Ljouwert. De inisjatyfnimmer tinkt dat hy ein septimber útslútsel krije kin, en dan dit jier noch gebrûk meitsje kin fan SDE+ subsydzje.

 

FNP, CDA en 50PLUS wolle fan it kolleezje fan Deputearre Steaten witte oft se - sa as deprojektûntwikkeler seit - op de hichte binne fan de plannen. Boppedat stelle de partijen fragen oft sa'n plan wol binnen de easken bliuwe kin dy't de provinsje oan it lânskip stelt. Yn it bestjoersakkoart fan ferline jier, en yn de ûntwerp-omjouwingsfisy dy't Provinsjale Steaten ferline jier oannaam hawwe, is boppedat fêstlein dat by de beoardieling fan sinneparken de sinneljedder tapast wurde moat: dêryn wurde inkelfâldich gebrûk fan lânbougrûn as allerlêste opsje neamd.



Downloads:
Skriftlike fragen oer sinnepark ljouwert
Antwurd op skriftlike fragen sinnepark ljouwert


Tags: enerzjy en duorsumens, natuer en lanskip

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer