Yn it bestjoersakkoart jouwe wy 800.000 euro út oan projekten foar it tsjingean fan diskriminaasje. De FNP fynt it goed dat de provinsje mei organisaasjes út it wurkfjild oerlis hat hoe't wy dat it bêste dwaan kinne. Los fan it bestjoersakkoart is dit foar de fraksjeleden in frije kwestje dêr't hja nei ear en gewisse oer stimme meie. De fraksje hat lykwols unanym besletten om foar Fryslân as reinbôgeprovinsje te stimmen.