NIJS   21-04-2020


FNP: Balâns hâlde tusken natuer en rekreaasje

De FNP-Steatefraksje hat soarch oer de plannen foar takomstige rûtes en ynrjochting fan it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld. Der sil mear wylde natuer komme en paden wurde ferlein. De FNP wol fan it kolleezje fan deputearre steaten witte wat foar konsekwinsjes dat hat foar de rekreaasje-ûndernimmers rûnom Appelskea. Boppedat hat de fraksje fan ferskillende minsken en organisaasjes heard dat der in soad paden al ferdwûn binne en dat ferienings hieltyd mear beheiningen oplein krije, bygelyks as sy in hurdrin-evenemint yn it gebiet organisearje wolle. De FNP wol dat ek yn de takomst eveneminten dy’t de natuer gjin skea dogge yn it gebiet mooglik bliuwe.

"Minsken net fuortjeie út de natuer" (Wopke Veenstra oer Drintsk-Fryske Wâld)

Nije plannen yn juny fêststeld

Yn juny dit jier is de stjoergroep Drintsk-Fryske Grinsstreek fan doel en stel in nije kaart fêst foar de takomstige rûtes en ynrjochting fan it Nasjonaal Park. It giet dêrby om in útwurking fan it Behear- en Ynrjochtingsplan út 2013, wêrby't mear wylde natuer yn it gebiet komt en paden ferlein wurde. Yn de ‘stille kearn' bliuwe allinne lytse paadsjes oer en is der gjin markearring mear, mar kuierders meie der noch wol komme.

 

Op it stuit rint der in konsultaasje-trajekt oer dy plannen. Lykwols binne de ynformaasjegearkomsten dy't foar april plend wienen net trochgien. De FNP wol fan it kolleezje witte hoe't de brûkers, bewenners en rekreaasje-ûndernimmers belutsen binne by it proses om de plannen foar in nije kaart foar it Drintsk-Fryske Wâld fêst te stellen.

 

Wopke Veenstra: ‘Neffens de ynformaasje dy't wy hawwe, kin noch oant hjoed reagearre wurde. It fernuveret ús tige dat stjoergroep-foarsitter Henk van Hooft yn de krante seit dat: "(h)oewel de paden in dat plan formeel niet definitief zijn, de verlegde routes niet meer ter discussie (staan)." Is earlike ynspraak dan noch wol mooglik?'

 

 

Hieltyd mear betingsten

Fan ferskillende minsken en organisaasjes dy't al jierren aktyf binne yn it Nasjonaal Park hat de FNP te hearren krigen dat sy tanimmend tsjin problemen oan rinne. Sa binne der ferieningen dy't al jierren bygelyks oriïntearrings- of hurdrinwedstriden organisearje. Sy krije troch de behearder Steatsboskbehear hieltyd mear beheinings oplein, en hawwe it gefoel dat eveneminten ûntmoedige wurde. Sa kin tusken maart en novimber net in hurdrintocht of in fjouwerdagekuiertocht organisearre wurde. Fierder wurde regelmjittich op it lêste momint noch oanfoljende regels oplein of moatte stikken fan de plende rûte oanpast wurde. Ek bûten de ‘stille kearn' binne in soad paden al ferdwûn of ticht troch omfallen beammen.

 

Sybren Posthumus: ‘Wy hawwe heard fan de soargen fan rekreaasje-ûndernimmers dat it de lêste jierren hieltyd rêstiger wurdt yn Appelskea, dus al foar de Koroana-krisis. Wy wolle graach witte oft ús kolleezje dêr sifers oer hat en wat it kolleezje docht om derfoar te soargjen dat de rekreaasje-ûndernimmers, rekreanten en bewenners oan de Appelskeaster kant fan it Drintsk-Fryske Wâld foldwaande har gerak krije.'

 

Natuerbeskerming wichtich

De FNP fynt it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld in wichtich natuergebiet dat goede beskerming fertsjinnet, mar hat soarch oer de balâns tusken natuer en rekreaasje. Natuer is fan ús allegear en je moatte minsken ek de mooglikheid jaan om der fan te genietsjen. Krekt dizze natuerleafhawwers binne oer it algemien ek dejingen dy't har it meast ynsette foar beskerming en behâld fan de natuer.



Downloads:
Skriftlike fragen oer drintsk-fryske wâld
Antwurdbrief ds oer drintsk-fryske wâld


Tags: libje yn fryslan, natuer en lanskip

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer