NIJS   11-05-2020


Skriftlike fragen oer de weingatten yn de Alddyk ûnder Anjum

De fraksjes fan FNP, PvdA en Water Natuurlijk hawwe it Deistich Bestjoer fan Wetterskip Fryslân skriftlike fragen steld om't de oanpak fan de Alddyk ûnder Anjum mar net opsjitte wol. Yn de gemeenteried fan Noardeast-Fryslân hat de PvdA ek fragen steld oer it behâld fan de kultuerhistoaryske wearden fan dizze dyk.

"Beskerming slieperdiken in papieren tiger ?" (Bram Bonnema)

Lânbouferkear 

Dizze dyk fan Paesens nei De Skâns is wichtich yn de ûntsteansskiednis fan Fryslân en wurdt mei syn skaaimerkende weingatten yn in soad publikaasjes neamd en priizge. De weingatten of coupures binne lykwols slim skeind. Hja wurde stikken riden troch lânbouferkear. Benammen it lêste weingat rjochting Ljussens, dat tagong jout ta in biete-opslachplak, leit der slim fertutearze by. 

  

Papieren tiger 

Wetterskip Fryslân en Gemeente Noardeast-Fryslân (en earder de Gemeente Dongeradiel) binne der al in hiel skoft oer yn petear. Dat hat oant no ta neat opsmiten. De trije fraksjes freegje harren dêrom ôf oft de moaie wurden dy't troch mannichien sprutsen wurde oer de kultuerhistoaryske wearde fan dizze dyk gjin papieren tiger binne. As dat net sa is, dan sjogge wy graach in oplossing foar de problematyk.

  

 

Taheakke:

Skriftlike fragen weingatten / coupures 

 



Downloads:
Memo ab - antwurd skriftlike fragen weingatten - coupures alddyk


Tags: natuer en lanskip, wetter

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer