NIJS   15-05-2020


Krityk FNP op wei hâlden studinten út it iepenbier ferfier

De FNP hat stevige krityk op de ôfspraken dy’t Steatssekretaris Van Veldhoven makke hat mei de ûnderwiissektor. Skoalbern en studinten yn it middelber en heger ûnderwiis moatte aanst sa min mooglik gebrûk meitsje fan it iepenbier ferfier, en alhiel net yn de spits. No’t de skoallen yn de kommende perioade hieltyd mear wer opstarte, soenen studinten allinne mar tusken alve oere moarns en trije oere middeis mei it iepenbier ferfier reizgje meie. De FNP is fan betinken dat dêrmei folslein foarby gien wurdt oan de situaasje yn Fryslân en pleit foar in regionale oanpak.

"Kin Jelte út Moddergat noch wol op skoalle komme?" (Wopke Veenstra)

Wopke Veenstra: ‘It iepenbier ferfier sjocht der yn Fryslân folslein oars út as yn de Rânestêd, dêr't elke pear minuten wol in metro, tram of bus delkomt. Jelte út Moddergat kin nei healwei njoggenen net mear mei in reguliere bus nei Ljouwert komme, nei dy tiid rydt der allinne noch mar in belbus.'

 

De FNP kin him foarstelle dat sa'n belied yn de Rânestêd wurkje kin, mar is fan betinken dat de oanpak fan de Steatssekretaris foar de Fryske situaasje folslein net útfierber is. Ommers, de ôfstannen tusken wenplak en de skoallen binne yn trochsneed langer. Studinten fan it middelber en heger ûnderwiis binne benammen oanwiisd op de spitsbussen, want bûten de spits ride der op in soad plakken yn Fryslân gewoan folle minder of sels gjin bussen.

 

De FNP stelt dêrom skriftlike fragen oan it kolleezje fan Deputearre Steaten en riedt in brief ta oan de Twadde Keamer. Omdat oannimlik is dat de koroana-maatregels noch wol in skoft duorje sille, is it saak dat de provinsje Fryslân mei de iepenbier ferfier-bedriuwen en ûnderwiisynstellingen regionale ôfspraken makket, dy't rjocht dogge oan de Fryske situaasje. 



Downloads:
Skriftlike fragen oer wei hâlden fan studinten út it ov


Tags: ferfier yn fryslan, libje yn fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer