NIJS   26-05-2020


FNP wol ‘slank' Europabelied

De FNP bliuwt kritysk op de hieltyd oprinnende kosten fan it Samenwerkingsverband Noord Nederland (SNN). Dy geane mei likernôch 10% jierliks de begrutte ynflaasje fier te boppe. De partij wol lykas de deputearre ta op in ‘slanke' útfierings-organisaasje en komt dêrom mei moasjes yn de Steaten om de kosten te behearskjen.

"Sunich omgean mei mienskipsjild SNN" (Sybren Posthumus)

Slank slim en fit

It SNN hat neffens de stikken de ôfrûne seis jier totaal 54% mear koste, hast 10% jierliks der by op. Wylst de provinsje Fryslân yn syn eigen útgongspunten foar de begrutting út giet fan in ynflaasje fan 2,3% foar mienskiplike regelingen lykas SNN.   Wurdfierder Sybren Posthumus hat yn de kommisje ferline wike dêrom in moasje oankundige oer de takomstige finansieringsstruktuer: ‘Ik fernaam dat de deputearre dy ‘sympatyk' fûn. Hy sei sels ‘slank, slim en fit'. Ik wol in tasizzing dat wy geane foar in slanke útfieringsorganisaasje fan subsydzjes. Dat hat hieltyd it útgongspunt en belied west fan dizze provinsje.'

 

In ridlike hierpriis

Ek mei de húsfesting fan SNN yn Brussel leit de FNP de finger op it seare plak. De hier fan it ‘Huis der Nederlandse Provinciën' is folslein oer de kop gongen. Fan € 100.000 nei € 200.000 yn ien jier. De wurdfierder wol witte oft dat te ûnderbouwen falt. Hy freget in ûndersyk oer de ‘marktconformiteit'. Posthumus: ‘De deputearre fûn it ferline wike legitym om te freegjen nei dy ûnderbouwing. Wy wolle dat de Provinsje skerp bliuwt op de koste-ûntwikkeling. Sels as jo fine dat in ferdûbeling yn ien jier tiid te ferdigenjen is, dan noch is fergeliking fan kosten goed. It kin yn de takomst brûkt wurde by ûnderhannelingen oer de hier fan gebouwen. It is wol mienskipsjild.'



Downloads:
FNP moasje marktconformiteit
FNP moasje finansieringsstruktuer snn


Tags: europa, polityk bestjoer, wurkje yn fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer