NIJS   28-05-2020


Iepenbiere expertmoeting Thialf op 3 juny

Op oanstean fan de steatefraksjes fan 50Plus, FNP en PvdA is der op 3 juny in saneamde expertmoeting oer Thialf. De gearkomste is iepenbier en wurdt live útstjoerd fia it kanaal fan Provinsjale Steaten op https://fryslan.notubiz.nl/dashboard . De livestream begjint om 11:00 oere.

"Hoe kin Thialf in finansjeel sûn bedriuw wurde ?" (Sybren Posthumus)

Ynvestearringen

De Steaten litte harren byprate troch saakkundigen oer de stân fan saken mei Thialf. Lykas bekend wol it Kolleezje fan Deputearre Steaten tegearre mei de oare oandielhâlder de gemeente It Hearrenfean in grut bedrach stekke yn de rêding fan Thialf op koarte termyn. Dêrneist moatte der ynvestearringen plakfine om de takomst treast te wêzen.

 

In sûn bedriuw 

Fragen binne ûnder oaren: hoe hat de situaasje sa ûntstean kinnen? Hoe kin Thialf in finansjeel sûn bedriuw wurde? Hokker partijen soene dêr finansjeel oan bydrage moatte? Bygelyks mei lannelik en Europeesk jild? Wat is de betsjutting ditoangeande fan Thialf as ien fan de topsportlokaasjes yn Nederlân? Hokker rol is der foar de KNSB as grutste ‘klant' fan Thialf? De Steaten wolle graach hearre wat de mooglikheden en de ûnmooglikheden binne neffens de experts.

 

Spesifike kennis

De fraksjes hoopje de spesifike kennis oan te boarjen dy't hjirfoar nedich is. Topsport Noord is bygelyks wichtich om't hja it hiele trajekt rjochting it lannelike sportynfrastruktuerfûns foar harren rekkening nimme. House of Sport docht de kommersje by grutte sportevents en wit hoe't je sportakkomodaasjes yn de merk sette moatte. De Flyers binne oanjagers fan de plannen fan Thialf in Olympysk treningssintrum te meitsjen. Faaks moatte ek de boukundige yngrepen yn de IIshockeyhal en it oanpassen fan juridyske struktueren en de bedriuwskundige aspekten fan de eksploitaasje neier bepraat wurde.

 

 

Klik hjir nei de livestream



Tags: libje yn fryslan, sport, wurkje yn fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer