Essinsjeel ferfier stiet stil
Yn Fryslân binne der neffens tsjinstregeling seis buertbuslijnen, benammen yn it súdeasten en súdwesten fan de provinsje. Foaral âlderen en skoalbern brûke de buertbus, dy't essinsjeel is foar de berikberens en leefberens fan in part fan de provinsje dêr't boadskippen in pear doarpen fierderop dien wurde en oars gjin iepenbier ferfier is. Sûnt it útbrekken fan koroana stean de buertbussen yn Fryslân stil. Mei mar ien tagongsdoar kin in goede fentilaasje yn de achtpersoansbuskes net garandearre wurde. De ritten mei de buertbussen wurde boppedat riden mei frijwilligers dy't faak al wat op leeftyd binne, en dêrmei ta de koroana-risikogroep hearre.
Skriftlike fragen
De FNP Steatefraksje wol dat de provinsje der tegearre mei ferfierder Arriva op ta wurket dat de brûkers fan de buertbuslijnen sa gau mooglik wer mei de bus reizgje kinne. Dat is omsa wichtiger no't de skoallen wer begjinne. Yn skriftlike fragen oan it kolleezje fan Deputearre Steaten freget steatelid Wopke Veenstra dêrom om ek nei alternativen foar de achtpersoansbuskes mei frijwilligers te sjen: ‘Hat Arriva kapasiteit om gruttere bussen yn te setten op de buertbuslijnen? En as dat net it gefal is, sjocht it kolleezje dan ek tegearre mei Arriva nei mooglikheden om bygelyks de bussen fan Fryske busûndernimmers yn te setten om it probleem yn de kommende tiid op te lossen?'