NIJS   14-10-2020


Europeeske struktuerfûnsen foar regionale ûntwikkeling hâlde

Op de jierlikse EFA-konferinsje fan regionale partijen yn Europa okkerdeis binne twa moasjes fan de FNP unanym oannommen. De iene moasje pleitet foar mear regionale ynbring yn de saneamde ‘Conference on the Future of Europe'. Mei de oare moasje wol de FNP berikke dat nij Europeesk jild foar in sosjaal akseptabele enerzjytransysje net ten koste giet fan besteande middels foar regionale ûntwikkeling, mar dat it oanfoljend is. Fryslân hat altyd in soad profyt hân fan dizze EFRO-jilden.

"Behâld EU-jild foar regionale ûntwikkeling" (Sybren Posthumus)

Just Transition

De oergong nei in griene en klimaatneutrale ekonomy moat gjin ûnnedich negative sosjaal-ekonomyske effekten hawwe, tink oan wurkleazens yn regio's dy't lang ôfhinklik west hawwe fan fossile mynbou-aktiviteiten. As part fan de Europeeske Green Deal, stelt de Europeeske Uny dêrta maatregels út, de saneamde ‘Just Transition Mechanism'. De FNP is it iens mei it tsjingean fan negative sosjale effekten fan de enerzjytransysje.

 

De FNP bepleitet mei syn EFA-moasje dat dit ‘Just Transition Mechanism' net ten koste gean mei fan besteande EU-programma's foar regionale ûntwikkeling. FNP wurdfierder Sybren Posthumus: ‘De FNP warskôget dat nasjonale regearingen de oanstriid hawwe om mei de komst fan nije fûnsen de lanlike ko-finansiering foar it besteande jild yn te lûken. Ek de Nederlânske regearing. Gjin ko-finansiering fan De Haach soe betsjutte dat programma's dy't  foar bygelyks de lânbou, it plattelân en de doarpshuzen yn Fryslân sa wichtich wiene, komme te ferfallen. Ald en nij Europeesk jild moatte elkoar oanfolje wat de FNP oangiet'.

 

Future of Europe

De Europeeske Uny wol in saneamde ‘Conference on the Future of Europe' hâlde. In brede maatskiplike diskusje om de bekendheid fan de Europeeske ynstituten en it demokratysk funksjonearjen fan de Uny te ferbetterjen. De FNP is foar sa'n diskusje. Posthumus: ‘It is in kâns om te soargjen dat net allinnich de elite út de haadstêden meiprate sil, mar alle mieningen fan it folle gruttere plattelân, de regio's en de minderheidsgebieten ek heard wurde. Wy wolle dat de Europeeske Uny dêrmei demokratysk ferbettere wurdt. Wy stelle mei in moasje út dat ek keazen leden fan lokale en regionale parleminten oanskowe yn stee fan allinnich in pear Europarlemintariërs fan lannelike partijen'.

 

Fanwege Corona wie de EFA-konferinsje ditkear digitaal. De FNP-moasjes sille no fia de EFA-fraksje yn it Europeesk Parlemint ynbrocht wurde en bepleite by de Europeeske Kommisje.



Downloads:
Motion FNP just transition fund
Motion FNP conference on the future of europe
Political Statement EFA-ga 1 okt 2020


Tags: europa, wurkje yn fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer