NIJS   21-10-2020


Thom Feddema beëdige as nij kommisjelid FNP

Thom Feddema is troch kommissaris fan de Kening Brok beëdige as kommisjelid foar de FNP. As kommisjelid mei Feddema meidwaan oan it debat yn de Steatekommisjes. Ek kin hy út namme fan de fraksje lid wêze fan Steatewurkgroepen en it wurd dwaan op de Steatemerk. FNP-er Thom Feddema is 56 jier ald en komt út Raard (Noardeast-Fryslân).

"Thom Feddema beëdige as nij kommisjelid FNP"

Feddema wurket by it ministearje fan Feiligens en Justysje en is mozaykkoördinator en behearregisseur foar Agrarysk Kollektyf Waadrâne. Dêrnjonken is Feddema jierren foarsitter west fan de FNP yn Dongeradiel en fan Doarpsbelang Raard en Boarnwert.

 

Okkerdeis is Rein van der Wal  beneamd as Steatelid. Hjirtroch kaam in fakatuere foar kommisjelid foar de FNP. Alle fraksjes hawwe de mooglikheid om de earstfolgjende op harren kandidatelist as kommisjelid oan te wizen. 



Tags: ferkiezings, polityk bestjoer

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer