NIJS   03-11-2020


FNP: Regelje it Frysk yn de heechste wet

No’t der begjin oar jier wer ferkiezingen foar de Twadde Keamer binne, komme guon partijen op ‘e nij mei it foarstel om it Frysk yn de Grûnwet te ferankerjen. De FNP fynt it tige spitich dat de hjoeddeiske regearing fan VVD, CDA, D66 en ChristenUnie twa jier lyn in soartgelikens foarstel ynlutsen hat. De partij komt dêrom mei de oprop oan it provinsjebestjoer om oan te slach te gean mei it foarstel om de posysje fan it Frysk te regeljen yn it Statút foar it Keninkryk. It Statút is de heechste wet fan ús lân, stiet boppe de Nederlânske Grûnwet en is makliker oan te passen as de Grûnwet.

"It kin makliker yn it Statút foar it Keninkryk" (Sijbe Knol oer Frysk yn de Grûnwet)

FNP stelt alternatyf foar: Frysk yn it Statút foar it Keninkryk

De notiidske regearing Rutte III hat twa jier lyn foarearst in ein makke oan de ferwachting fan de Fryske polityk dat it Frysk op koarte termyn opnaam wurde sil yn de Nederlânske Grûnwet. De FNP stelt fêst dat der yn De Haach by guon partijen tsjinstân is tsjin dat foarnimmen. Dêrom stelt de partij foar om in oare wei te kiezen en it Frysk op te nimmen yn it Statút foar it Keninkryk.

 

Sijbe Knol: ‘It Statút is net sa bekend, mar it is de allerheechste wetlike regeling fan ús Keninkryk en giet as noarm boppe de Grûnwet. Mei in oanpassing fan it Statút soenen yn ien kear neist it Frysk ek de talen fan de Antillen - it Papiamintsk en it Ingelsk - opnaam wurde kinne. Dat dat net barde wie earder in kritykpunt by de foarstelde Grûnwetswiziging fan 2010. Wij freegje it provinsjebestjoer om oan de slach te gean mei ús foarstel en dêrfoar ek kontakt op te nimmen mei de regearingen yn Kurasao, Aruba en St. Marten.'

 

It Statút foar it Keninkryk fan de Nederlannen is yn 1954 ynfierd om in ein te meitsjen oan de koloniale ferhâldingen en de oerseeske dielen in lykweardich plak te jaan yn ús Keninkryk. Dêrfoar waard in nije, hegere juridyske konstruksje oer de Grûnwet hinne lein. De sprekkers fan it Frysk, mar ek de sprekkers fan it Papiamintsk en Ingelsk op de eilannen fertsjinje it dat har talen in folweardige status krije yn it Statút.

 

Om in wiziging fan de Grûnwet troch te fieren moat in swiere proseduere trochrûn wurde, mei twa lêzingen yn sawol de Earste as Twadde Keamer en in twa tredde mearderheid yn twadde lêzing. De proseduere fan it Statút is in stik minder dreech: foar in oanpassing fan it Statút binne neist in gewoane mearderheid yn de Nederlânske Twadde en Earste Keamer úteinlik trije gewoane mearderheden yn de parleminten fan Kurasao, Aruba en St. Marten nedich.

 

Lang koestere winsk yn Fryslân

Yn 2010 waard in wetsfoarstel yntsjinne by de Twadde Keamer omdat de regearing fan betinken wie dat der grûn wie om de Grûnwet oan te foljen mei in bepaling oer it Frysk. Dêroan foarôf hienen polityk en bestjoer fan de Provinsje Fryslân ienriedich útsprutsen dat it Frysk opnaam wurde moast yn de Grûnwet.

 

De regearing Rutte hat it foarstel twa jier lyn spitich genôch ynlutsen. De regearing wie fan betinken dat der gjin driuwende maatskiplike behoefte en foldwaande ‘konstitúsjonele ripens' wêze soe. De FNP is it dêr folslein net mei iens en is der fan oertsjûge dat de measte ynwenners fan Fryslân dêr krektlyk oer tinke. 



Downloads:
Skriftlike fragen oer frysk yn de grûnwet en it statút


Tags: polityk bestjoer, taal en kultuer

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer