NIJS   13-11-2020


Fragen FNP oer útklaaien akute soarch yn Fryslân

De FNP hat noed oer de plannen fan it Ryk mei de driuwende soarch yn Nederlân. Mei it mooglik útklaaien fan de saneamde ‘acute zorg', konsintraasje en opskaling kin dat in negative ynfloed hawwe op de berikberens fan de soarch en dêrmei de leefberens yn de regio. De partij hat skriftlike fragen steld oan Deputearre Steaten oer de kwestje.

"It moat gean oer de berikberens en de kwaliteit" (Rein van der Wal oer akute soarch yn Fryslân)

Ynternetkonsultaasje

Op 1 novimber 2020 wie de falbile fan in ynternetkonsultaasje fan it Ryk oer de driuwende soarch yn Nederlân. It foarstel dêr't op reagearre wurde koe giet út fan in nije ynrjochting fan it soarchlânskip. Libbensbedriigjende driuwende soarch sil op inkelde lokaasjes konsintrearre wurde. Der soe ek ien ‘regionale zorgmeldkamer' komme moatte mei ien lanlik telefoannûmer nei it foarbyld fan 112. Wat is yn dit ferbân eins ‘de regio'? Alles nei Grins ta? Hoe komt it dan mei de oanrydtiden út de fiere hoeken fan de provinsje wei? De FNP dielt de soarch fan in soad dokters oer dy plannen en hat noed, dat de nije oanpak in negative ynfloed hawwe sil op de leefberens fan Fryslân.

  

Houtskoolschets

FNP wurdfierder Rein van der Wal wol witte oft it Kolleezje op de hichte is fan de ynternet-konsultaasje oer de saneamde ‘Houtskoolschets acute zorg'. It is dêrby ek de fraach oft de provinsje Fryslân aktyf op de hichte steld is fan dy konsultaasje. ‘Hat de Provinsje reagearre; hoe sjocht de Provinsje oan tsjin in fernijde ynrjochting fan de driuwende soarch? Neffens de ‘houtskoolschets' soe de driuwende soarch wolris út de fjouwer regionale sikehuzen (Snits, Dokkum, Drachten en it Hearrenfean) en miskien sels út Ljouwert ferdwine kinne. Uteinlik liket it hjir wer foaral om jild te draaien. It moat neffens de FNP krekt gean om de berikberens en de kwaliteit fan de soarch yn de eigen provinsje.‘ 



Downloads:
FNP fragen akute soarch yn fryslân


Tags: libje yn fryslan, soarch yn fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer