NIJS   14-12-2020


Fryske partijen stean efter Minority SafePack

In hiele romme mearderheid fan de Fryske Steaten wol dat de Europeeske Uny yn syn wetjouwing en belied rekken hâldt mei nasjonale minderheden en it kulturele en talige ferskaat dat der rûnom yn Europa is.

Tsien fan de tolve partijen yn de Fryske Steaten tsjinje mei-inoar in moasje yn om stipe te jaan oan it Minority SafePack Initiative. Mei de inisjatyfnimmers CDA en FNP binne GrienLinks, D66, SP, VVD, PvdA, PvdD, 50PLUS en ChristenUnie fan miening dat de Europeeske Uny yn syn wetjouwing en belied rekken hâlde moat mei nasjonale minderheden en it kulturele en talige ferskaat dat der rûnom yn Europa is. De steateleden fan it eardere Forum en de PVV oerwage op it stuit noch oft sy de moasje ek stypje kinne.

 

CDA-steatelid Attje Meekma: ‘Sa'n brede stipe yn Fryslân jout it draachflak oan dat der is foar it beskermjen fan ús taal en kultuer. Dat moatte wy net allinne yn Fryslân en Nederlân goed regelje, mar ek yn de Europeeske Uny. Want yn ús deistich libben hawwe wy ek in soad te krijen mei de wetjouwing en it belied fan de EU.'

 

Krekt sa as de Provinsje Fryslân opkomt foar ús ryk ferskaat oan talen (Frysk, Stellingwerfs, Bildtsk, de stedstalen), wol it Europeesk boargerinisjatyf Minority SafePack dat ek de Europeeske Uny rekken hâldt mei de lytsere talen.

 

FNP-fraksjefoarsitter Sijbe Knol: ‘De regio's yn de EU hawwe inoar yn dit boargerinisjatyf fûn en easkje har plak op. Mei mear as in miljoen hantekens is in dúdlik lûd ôfjûn. As Fryske parlemint kinne wy dat lûd fersterkje.'

 

De moasje wurdt woansdei yn Provinsjale Steaten fan Fryslân behannele. Folle mear regionale en nasjonale parleminten trune der op oan dat de Europeeske Uny oan de slach giet mei it Minority SafePack Initiative. Yn de Twadde Keamer wurdt tiisdei oer in fergelykbere moasje stimd dy't dêr yntsjinne is troch CDA en D66. De Dútske Bundestag stimde in pear wiken lyn al unanym foar sa'n moasje.

 

Yn it Europeeske Parlemint is der hjoed in debat oer it Minority SafePack Initiative en komt tongersdei in moasje yn stimming. Dy sil hast wol wis in romme mearderheid krije, omdat hy troch fiif fan de sân politike groepearringen yntsjinne is. De brede politike stipe is wichtich, want de Europeeske Kommisje moat yn jannewaris oanjaan oft de foarstellen fan it Minority SafePack Initiative oernaam wurde sille. 



Downloads:
Moasje frjemd oer stipe minority safepack initiative


Tags: europa, taal en kultuer

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer