De FNP fraksje ropt de inisjatyfnimmers op ta realiteitssin. Fraksjefoarsitter Sijbe Knol: ‘Wy tochten dat wy nei de moasje yn de Fryske Steaten om de wolf út Fryslân wei te hâlden it djiptepunt wol berikt hienen. Mar it koe noch folle mâler. In stek fan 150 kilometer lang dwars troch it lânskip, dêr't noch net in knyn of hert trochhinne kin. Op dy manier meitsje wy fan ús moaie en natuerrike provinsje in bistetún.'
De partij docht in appel op de provinsje om op gjin inkelde wize meiwurking te ferlienen oan it inisjatyf en wiist ek op Europeeske regeljouwing dy't sa'n stek net tastiet. Knol: ‘De útfierberens is nul en om in ekosysteem mei in stek sa te fersteuren giet elke realiteitssin te boppe, it sil de polarisaasje fergrutsje en in echte wurkbere oplossing allinne mar yn de wei sitte.'