It tredde petear yn de rige #Seedyksesjes wie hjoed (5 febrewaris) mei de BoerBurgerBeweging, de partij dy't nei eigen sizzen soargje wolle foar in stabyl, langduorjend en betrouber plattelânsbelied. In goed plattelânsbelied klinkt de FNP fansels as muzyk yn de earen. De nûmers 1 en 2 van de partij, Caroline van der Plas en Femke Wiersma, wiene by ús op besite. Foar in part koene wy inoar wol fine. Sa binne sawol de FNP as de BoerBurgerBeweging fan betinken dat de gemeenten mear finansjele middelen en slachkrêft krije moatte om it wurk goed te dwaan en dat der mear jild nei de regio ta moat. Mar der wiene ek grutte ferskillen.
Dêr't de FNP mear foech hawwe wol foar de provinsje, seinen Van der Plas en Wiersma dat sy in Ministearje foar it Plattelân wolle. Dêr't de FNP ta wol op in safolle mooglik grûnbûne, biologysk en natuerfreonlik lânbou, is de opfetting fan de BoerBurgerBeweging dat de skaalfergrutting yn de lânbou noch wol wat trochrinne mei. Fierder wol de BoerBurgerBeweging nei in Europa light ta, wylst de FNP krekt fynt dat problemen op it júste nivo oplost wurde moatte, en dêrfoar yn Europa graach gearwurket mei oare regio's en folken. En sa wiene hjoed de ferskillen eins grutter dan de oerienkomsten. Wy hawwe de froulju tanke foar in noflik petear en sukses winske mei de kampanje.