NIJS   07-04-2021


Sybren Posthumus (FNP) ferlit aktive polityk

Steatelid Sybren Posthumus fan de FNP hâldt nei mear as tsien jier op as lid fan de Fryske Steaten. In tal nije útdagings binne op syn paad kaam. Gerben van der Mei fan Tsjommearum folget Posthumus op as Steatelid foar de FNP. De wikseling fan de wacht fynt plak yn de Steategearkomste fan 21 april.

"Nije útdagings op myn paad" (Sybren Posthumus ferlit aktive polityk)

Posthumus begûn as Steatelid yn maart 2011. Dêrfoar wie hy al in hiel skoft stipefraksjelid fan de FNP Steatefraksje. Ek op oare mêden wie hy lang warber foar de FNP, ûnder oaren fiif jier as riedslid yn Ljouwert (2002-2007). Hy wie de spesjalist Finânsjes, Ekonomy, Rekreaasje en Toerisme fan de Steatefraksje en hat ek fjouwer jier as Steatelid yn it Algemien Bestjoer fan Tresoar sitten (2015-2019).

 

Fraksjefoarsitter Sijbe Knol fynt it spitich dat Posthumus der mei ophâldt mar hat alle begryp foar syn persoanlike kar: "Alle respekt foar Sybren syn krewearjen, hy hat foar de FNP in geweldich soad út de wei setten. Hy hat op basis fan syn evenredichheid, dossierkennis en saakkundichheid altyd in fêste wearde foar de FNP west. Dêr binne wy him o sa tankber foar.'

 

Knol: ‘Sybren wie neist syn politike wurk yn Fryslân benammen ek aktyf as Europawurdfierder. Hy wie ek 15 jier foar ús EFA-fraksje yn it Europeesk Parlemint, as bestjoerslid fan de EFA, ús skeakel mei Brussel. Ik kin my skoan begripe dat jo nei sa'n lang skoft yn de aktive polityk sykje om wat nijs. Wy winskje Sybren alle sukses fierder. Bliid ek dat Gerben van der Mei as finansjeel spesjalist ree is om Sybren syn portefúlje yn syn hiele hear en fear oer te nimmen.'



Tags: Ferkiezings, Partijnijs

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer