De organisaasjes dêr't de fraksjes ûndersyk nei hawwe wolle binne yn alle gefallen de neikommende organisaasjes: FUMO, SNN, NOM, NRK, Tresoar, IPO, Marrekrite, HNP, Thialf OG BV, Coöperatie Openbare verlichting en Energie Fryslân en Omgevingsdienst Groningen. Yn 2021 betellet provinsje Fryslân neffens har eigen begrutting yn totaal in bydrage fan hast € 15 miljoen oan boppeneamde partijen. Yn de Steaten fan Fryslân hawwe ek earder wol fragen west oer de koste-stiging fan in oantal fan dy organisaasjes.
Fragen
It wichtichste probleem dat de trije fraksjes fan FNP, GrienLinks en 50PLUS oplosse wolle is hoe't de provinsje Fryslân mear grip krije kin op de koste-ûntwikkelings fan de ferbûne partijen. Dêrneist binne der ek noch twa dielfragen. De earste is, wurde ferhegings fan de kosten troch de ferskillende ferbûne partijen goed ûnderboud en hoe kin dat (eventueel) ferbettere wurde. De twadde dielfraach is: hoe kinne de stjoeringsmooglikheden fan PS op ‘e ferbûne partijen ferbettere wurde? Sawol op organisatoarysk, finansjeel as op ynformaasjegebiet.