NIJS   19-04-2021


FNP: Folksfertsjintwurdiging bûtenspul set by bekendmeitsjen Deltaplan

De FNP Steatefraksje is bûtengewoan min te sprekken oer de wize wêrop’t noardlike bestjoerders de plannen foar it Deltaplan voor het Noorden fan ‘e moarn bekendmakke hawwe. Oer de hollen fan ynwenners en keazen folksfertsjintwurdigers hinne, sûnder foarôfgeand debat yn gemeenterieden en Provinsjale Steaten, dogge de bestjoeren in foarstel om Fryslân, Grinslân, Drinte en Flevolân yngripend te ferbouwen.

Steateleden krigen de plannen foar it Deltaplan pas koart nei middernacht. Dêrby waard de keazen folksfertsjintwurdigers in embargo oant seis oere moandeitemoarn oplein. Fan ‘e moarn wiene de plannen al te lêzen en te hearren yn alle kranten en media in de noardlike provinsjes en fier dêrbûten.

It kin net oars as dat de media inkele dagen earder op de hichte brocht binne, omdat ferskate bestjoerders yn de artikels en reportaazjes har stânpunt al breedút presintearje koene. De FNP fynt dat in uterst kwealike gong fan saken, wêrmei't keazen folksfertsjintwurdigers bewust op efterstân set binne.

 

Oant no ta hat it Deltaplan voor het Noorden in bestjoerdersfeestje west, wêrby't wethâlders en deputearren fier foar de troepen út rûn hawwe en in Twadde Keamer-moasje oangrepen hawwe foar uterst ambisjeuze plannen. It plan fertsjinnet lykwols in goed útwurke maatskiplike kosten en baten analyze. Op grûn dêrfan moat der in yngreven demokratysk debat komme mei de keazen folksfertsjintwurdigers yn Rieden en Steaten en net te ferjitten, mei de ynwenners fan de noardlike provinsjes.

 

Op it stuit is der in folslein gebrek oan demokratyske legitimiteit. De bestjoerders dogge der dêrom goed oan om by it oanbieden fan de plannen oan de Ryksoerheid hiel dúdlik oan te jaan dat sy in plan opstjoere wêrfan't foarearst noch net bekend is oft it droegen wurdt troch de ynwenners en folksfertsjintwurdigers yn Fryslân, Grinslân, Drinte en Flevolân.



Tags: Natuer en lanskip, Thus yn Fryslan, Wenje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer