NIJS   07-06-2021


FNP en PvdA wolle reinwetter opfange: in ton foar in tonne

De FNP en de PvdA komme ein juny mei in moasje om 100.000 euro beskikber te meitsjen foar in regeling wêrmei’t stimulearre wurdt dat húshâldings in reintonne oanskaffe. Sa kinne ynwenners fan Fryslân himelwetter fêsthâlde en in soad wetter besparje.

"Yn in drûge perioade haw ik der 4 wiken wetter fan" (Sijbe Knol oer reintonne)

Dit wykein lutsen swiere buien oer Fryslân. Yn koarte tiid foel safolle wetter dat wegen der ûnder strûpten en by in winkel yn de Ljouwerter binnenstêd de flier blank stie. Dat is minder dan in jier neidat Vitens warskôge foar in tekoart oan drinkwetter yn Fryslân. Mei de drûchte waard doe fierstente folle kraanwetter brûkt foar it sproeien fan túntsjes, it follen fan swimbaden en it waskjen fan auto's.

 

Twa jier lyn al wist FNP-fraksjefoarsitter Sijbe Knol te berikken dat de reintonne yn it koälysje-akkoart opnaam waard. De FNP en PvdA wolle dat der by de behanneling fan de ramtnota ein juny in ton frijmakke wurde foar in regeling wêrmei't stimulearre wurdt dat Fryske húshâldens in reintonne oanskaffe. Sa kinne de ynwenners fan Fryslân himelwetter opslaan en dêrmei in soad wetter besparje.

 

Sijbe Knol hat sels al in pear jier in reintonne: ‘Yn in drûge perioade haw ik der fjouwer wiken wetter fan. Eins soe elkenien der ien hawwe moatte. As by alle huzen yn Fryslân in reintonne stiet, kin dat elke dei in besparring fan 5 miljoen liter opleverje. Dat binne twa olympyske swimbaden fol.'

 

Ungefear in tredde fan alle 250.000 huzen yn Fryslân hat op dit stuit al in tonne. Hoe't de krekte stimulearringsregeling der út komt te sjen, sil yn de kommende moannen troch it kolleezje fan Deputearre Steaten útwurke wurde. It is de bedoeling dat de regeling iepensteld wurdt op Wrâldwetterdei, 22 maart 2022. 



Tags: Klimaatferoaring, Wetter

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer