![]() |
De Steategearkomste fan jannewaris is tige suksesfol ferrûn foar de FNP. Fan de 13 moasjes dy't de fraksje sels of mei oaren yntsjinne hat, binne der 11 mei grutte mearderheid slagge. Fan de eigen FNP moasjes binne der sels twa mei algemiene stimmen oannommen: de moasje oer in rûnwei foar Warns en de moasje dy't frege om proeven mei ûnderwetterdrainaazje yn it feangreidegebiet.
|
Partijen wolle gjin nije gasboarrings mear yn Fryslân
Tige opmerklik wie de moasje dy't de PvdA, oanfitere troch de ierdbevings yn Grinslân, mei de FNP en oaren yntsjinne oer de gaswinning. Foar it earst hawwe de Steaten har no hast unanym útsprutsen tsjin nije gasboarrings yn Fryslân. Ek de VVD, yn jannewaris 2012 noch fûl tsjin in FNP moasje foar mear gasbaten, doarde no net mear tsjin te stimmen. It trelit om de ûnberoaide útspraken fan harren -ûnderwilens opstapte - keamerwurdfierder de hear Leegte sil dêr grif yn meispile hawwe.
Feangreide: fundearringskea meinommen
![]() |
De fraksje is tige tefreden dat in FNP moasje it helle hat om de fundearringsskea yntegraal mei te nimmen yn de gebietsplannen om it feangreidegebiet oan te pakken. CDA en PvdA wiene tsjin, mar de kosten fan de fundearringsskea sille no dochs meinommen wurde yn alle berekkeningen. In opstekker foar alle partikulieren dy't mei de besteande skearegeling (fan de PvdA) net út de fuotten kinne.
De moasje fan de FNP om útein te setten mei proeven mei ûnderwetterdrainaazje krige unanime stipe. It is wichtich dat sokke proeven dien wurde, om út te finen hoe't mei in nije oanpak it wetterpeil yn de kwetsbere feangreidegebieten sa gau mooglik omheech kin sûnder dat it buorkjen dêr skea fan hat. Wurdfierder Anna Martha van der Mei hat goed ûnderhannele efter de skermen oer dizze moasje, kinne wy fêststelle. |
Rûnwei Warns unanym stipe
![]() |
Perfoarst in boppeslach wie de unanime stipe foar de FNP moasje foar in nije rûnwei om Warns hinne. Net yn it lêste plak omdat deselde moasje de oare deis yn de ried fan Súdwest-Fryslân ek unanym stipe waard. De kolleezjes hawwe no de opdracht om foar harren Begrutting 2016, dat is yn de rin fan 2015, mei in definityf plan te kommen ynklusyf finansjele dekking. De ferwachting is dat de leefberens en ferkearsfeiligens op de rûte nei Starum troch de smelle Buorren fan Warns gâns ferbetterje sille troch de rûnwei. De beide wurdfierders (Auke Bijlsma yn de Steaten en Jelle Gerbrandy yn Súdwest) binne tige tefreden oer dit slagge foarbyld fan goed polityk oparbeidzjen as FNP. |