NIJS   28-07-2021


Noardeastfryslân: Wethâlder de Graaf leit it wurk definityf del

FNP Wethâlder Pytsje de Graaf leit per 1 septimber 2021 har wurk foargoed del. Ein maart is se troffen troch in beroerte en alhoewol't it herstel him al aardich gau ynsette duorret it fierdere herstel langer as tocht. De lêste 4 moannen waard sy al ferfongen troch Fedde Breeuwsma. Om't oan dy perioade in ein komt hat wethâlder de Graaf besletten om per 1 septimber har ûntslach yn te tsjinjen. Fedde Breeuwsma is ree om it wethâlderskip fanôf dy datum op ‘en nij op him te nimmen.

"Pytsje, tige tank foar alles!" (Fraksje FNP Noardeast)

Pytsje de Graaf wie tusken 2002 en 2011 riedslid en fraksjefoarsitter foar de FNP yn de ried fan Dongeradeel, ek wie sy tusken 2003 en 2011 steatelid yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Fan 2011 ôf wie sy wethâlder en hie sy tal fan projekten ûnder hannen lykas de realisaasje Sintrale As, de doarpsûntwikkelingsmaatskippij (DOM), de Markt fan Dokkum mei "de moaiste fan de 11 fonteinen", ferskillende herstrukturearringsplannen, realisaasje MFA yn Holwert en Eanjum, de fytsbrêge, it Súd Ie projekt en gean sa mar troch. As grut leafhawwer fan kultuer en kulturele foarming fan bern makke sy har ek hurd foar goed muzyk- en lêsûnderwiis op skoalle.

 

De FNP fraksje fan Noardeast-Fryslân fynt it in moedich en wiis beslút om der nei in moaie karriêre fan tsien jier mei op te hâlden en foar de eigen sûnens te kiezen en sil de Graaf misse as wethâlder. Ek wol de fraksje har fan herten tank sizze foar alles wat sy foar de partij en foar de gemeente dien hat.

 

Pytsje, tige tank foar alles!



Tags: Algemien, Partijnijs, Polityk Bestjoer

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer