"It brûken fan pestisiden troch oerheden, bedriuwen, konsuminten en de lân- en túnbou is noch hieltyd foars, hoewol't de skealike effekten grut binne. It bioferskaat giet nei de bedelte, en ek de ynsektepopulaasje, en de kwaliteit fan wetter en boaiem en de organismen dy't dêryn libje wurdt oantaast", sa skriuwe de partijen yn it útstel.
"Mei it inisjatyfútstel wolle wy aktyf besykje om it brûken fan pestisiden yn Fryslân safolle mooglik werom te bringen; wêr't dat kin werom nei nul. De basis foar it inisjatyf is dat de provinsje by himsels begjinne moat en stimulearje it tsjingean fan it brûken fan pestisiden. Dêrby wolle wy in goed lykwicht yn it belied foar alle brûkers fan dy middelen."
De fraksjes wolle dat de provinsje sels de earste stap set en him rjochtet op gearwurking, it stimulearjen, foarljochting jaan en fasilitearjen fan oare brûkers, wêrûnder oare oerheden, it bedriuwslibben, partikulieren, (grut)grûnbesitters en de lân- en túnbousektor. It is de bedoeling dat uterlik yn 2030 it brûken fan pestisiden yn Fryslân safolle as mooglik ôfboud is.
(Tekst GrienLinks, oersetting FNP)