Minister Dennis Wiersma fan OCW hat op 4 april 2022 in brief nei de Twadde Keamer stjoerd oer it projekt Curriculum.nu foar it fundearjend ûnderwiis. De minister wol it trajekt foar de fernijjing fan de learprogramma's foar de skoalfakken hielendal oars opsette. Al mei al kin dit nochal wat gefolgen krije.
It Fryske Kurrikulum.frl ûnderwiistrajekt is keppele oan it lanlike Curriculum.nu trajekt. Der is al gâns tiid, jild en muoite stutsen sawol yn it lanlike as it Fryske Kurrikulum.frl. De FNP wol witte hoe't it komt mei de nije kearndoelen foar it skoalfak Frysk. De fragen geane ek oer de plenning, de keppeling oan it lanlike trajekt, de ynset fan de provinsje en de ynhierde organisaasjes. Wurdfierder Sijbe Knol wol witte oft der al reaksjes binne út it ûnderwiisfjild sels. En wat binne de gefolgen foar it rinnende Taalplan Frysk 2030 mei de skoallen en de al ûntwikkele 'boustiennen' foar it Frysk?
De minister wol in punt sette efter it tiidslinende ‘grootse en meeslepende' proses fan de lêste jierren, dat feitlik útrûn is op in grut praatsirkus. It soe mei de ûnderwiisherfoarming ta moatte op in mear praktyske oanpak mei periodyk kurrikulum-ûnderhâld yn stee fan grutte yngrepen. Werom nei de basis is no it biedwurd. Nederlânske taal, rekkenjen, boargerskip en digitale feardigens soe it tenei yn it foarste plak oer gean moatte. De nije ynset fan it regear hat mooglik ek ynfloed op de rinnende examenprogramma's Frysk, de gearwurking en de ynbring fan de profesjonals. De fragen fan de FNP geane yn op al dizze gefolgen.