NIJS   27-05-2022


Us rom 400 doarpen en plakken fertsjinje alle stipe!

Ferline wike kaam it nijs nei bûten dat de Provinsje Fryslân besunigje moat. Weromrinnende reserves, minder ynkomsten út oandielen, legere opsinten en in werferdieling fan it Provinsjefûns troch it Ryk, liede derta dat de tiid foarby is dat Fryslân in soad ekstra dwaan koe foar syn ynwenners.

In ûnderdiel fan dat besunigingsnijs wie dat it kolleezje fan Deputearre Steaten ek besunigje wol op Doarpswurk, de organisaasje dy't doarpsbelangen, doarpshuzen en inisjativen op it mêd fan de leefberens yn Fryslân stipet en advys jout. Fan 2024 ôf soe der neffens it kolleezje in nij netwurk komme moatte en yn 2026 soe it dan dien wêze mei de strukturele stipe fan de provinsje oan Doarpswurk. Dat ropt de fraach by ús op: hie it net better west om dy takomst-rjochting, wêryn't it goede wurk dat Doarpswurk docht op in oare wize stal jûn wurdt, no al dúdlik nei bûten te bringen? Al mei al soarget it no foar in soad ûnrêst, in situaasje dêr't de fraksje fan de FNP net bliid fan wurdt.

 

De Provinsje stiet oan it begjin fan in diskusje oer wat syn kearntaken binne. Wat heart de provinsje al regeljen en te beteljen en wat net? It kolleezje skreau yn syn útstel dat leefberens net in taak fan de provinsje is, en deputearre Fokkinga werhelle dat yn in ynterview. Dat mei strikt-wetlik sa wêze as it allinne om doarpshuzen en buertinisjativen giet, mar wy tinke dêr hiel oars oer. Gelokkich nuansearre deputearre Douwstra by it Polytburo op Omrop Fryslân dat.

 

Sosjaal semint 

Ferline wike stie der in artikel yn de Groene Amsterdammer: ‘Friezen zijn niet rijk maar wel gelukkig.' Yn it stik waard de konklúzje lutsen dat krekt troch sterke mienskippen it geloksnivo yn Fryslân sa heech is. Yn Fryslân fiele de minsken har wakker mei elkoar ferbûn. Krekt dêr hawwe doarpshuzen, wykgebouwen en oare moetingsplakken in grutte rol yn. It wurk dat Doarpswurk docht stipet krekt dat sosjale semint. It kolleezje siket no nei in oare foarm om dat te behâlden. Dat is in mooglikheid, mar smyt dan net it besteande fuort, foardat der wat nijs foar yn it plak komt dat krekt sa goed is.

 

Wat ús oanbelanget binne ús lânskip en de romtlike oardering, de leefberens, ús taal en kultuer de kearn, dat wat Fryslân útmakket, dy't de identiteit fan ús provinsje foarmje. Elke stap dy 't it kolleezje nimme sil binnen de besunigingsoperaasje en de kwaliteit fan dy trije kearntaken oantaaste kin, dêr sil de FNP tige kritysk op wêze. 



Tags: Thus yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2022 FNP Fryslân - Disclaimer