Mear
frijheid om te kiezen yn de kommende perioade
De oankundige besunigings hawwe soarge foar in soad ûnrêst by de organisaasjes
dy't der troch rekke wurde. Dat begripe wy, mar oan de oare kant stypje wy wol it
prinsipe dat der €5 miljoen euro oan strukturele frije romte wêze moat foar de
nije Provinsjale Steaten om in eigen kar te meitsjen. Wy wolle oan de iene kant
in sûne finansjele boekhâlding, en oan de oare kant wolle wy romte hawwe om yn
de kommende tiid ta in goede ôfwaging te kommen. Mei dit foarstel biede wy
politike romte om de diskusje oer de útgongspunten te fieren. Der binne ommers Provinsjale
Steatenferkiezings yn maart 2023.
Doarpswurk
Provinsjale Steaten hawwe yn 2018 besletten om de taken van Doarpswurk ûnder te bringen yn in nije netwurkorganisaasje en dêrnei op te hâlden mei de subsydzje. De nije organisaasjestruktuer foar mienskipsinisjativen is noch net aktyf, wylst dat al in betingst wie foar it stopsetten fan de subsydzje. De partijen tsjinje dêrom in foarstel yn om de subsydzjerelaasje mei Doarpswurk pas stop te setten as de funksje dy't Doarpswurk no hat, garandearre is binnen de nije organisaasjestruktuer.