NIJS   10-07-2022


Iepen brief oan Mark Rutte, Sigrid Kaag, Wopke Hoekstra en Gert-Jan Segers

Bêste Mark, Sigrid, Wopke en Gert-Jan,
It is in grutte binde. Op eins alle beliedsterreinen. It lân wurdt bestjoerd troch managers yn stee fan fisjonêrs. In lang skoft wie fyzje foar dy, Mark, ‘als een olifant die het zicht belemmert.’ Yntusken is wol dúdlik dat dit lân der ferlet fan hat.


Ien stelde my koartlyn de fraach: wêr't ik grutsk op bin wat de BV Nederlân de lêste 15 jier prestearre hat? Ik moast it antwurd skuldich bliuwe en dat fernaam ik lyk sa by de minsken dy't ik dyselde fraach stelde.

 

De asylkrisis, de wenkrisis, de taslaggenkrisis, de arbeidsmerkkrisis, de Grinzer ierdbevingenkrisis, de stikstofkrisis, de klimaatkrisis, de enerzjykrisis en de hieltyd tsjusterder wurdende keapkrêftplaatsjes. Problemen wurde net mear oplost, mar wurde stelselmjittich sa leech mooglik yn de organisaasje fan ús lân dellein. It leafst wol mei knipende kaders der by en mei net in soad each foar de praktyske útfierberens. It boadskip oan de legere oerheden is: ‘los de puzzel maar op en doe je best. Bevalt het ons niet, dan grijpen wij alsnog in. Provincie en gemeente, redt u er maar mee!' 

 

Woansdei waard Bant oerfallen mei de plannen foar in oanmeldlokaasje foar asylsikers. De timing koe hast net ûngelokkiger. Op in troch it Ryk opkocht stik boerelân. Mei in gemeente dy't fan neat wist. Mar it as de meast direkte oerheid wol wer ferantwurdzje mei. Itselde is it gefal by de stikstofkrisis. De regearing is wol yn steat om it hurde nijs ta yn de details te presintearjen (mei de yntusken kontroversjele ‘yndikative' kaart), mar in fyzje en konkrete plannen nei in takomstbestindige lânbou wiene dúdlik (noch) te folle frege. Fierder dan algemienheden kamen jimme net. Op ‘e nij sille de provinsjes har der mei rêde moatte.

 

Yn oktober komme dan noch de beliedsbrieven oer klimaat, enerzjy en wenjen. Op ‘e nij meie de provinsjes de puzzel lizze. Binnen ien jier. Want nei't de formaasje folslein út de hân rûn is, driuwt de tiid foar jimme. Der moat levere wurde. Befalt de puzzel jimme net, dan driget yngripen fan boppe.

 

Mark, Sigrid, Wopke en Gert-Jan,

Dat ik op sneintemoarn om 06.00 oere efter myn laptop sit om dizze iepen brief te typen is gjin lúkse. Ik meitsje my mear as grutte soargen. De bedrigingen en yntimidaasjes fleane my en myn kollega's yntusken om de earen. Ultrarjochtse media rinne troch Nederlân hinne en ek troch de strjitten fan Ljouwert. Der binne feilichheidsmaatregels troffen en woansdei wurdt in spannende dei yn en om ús Provinsjehûs. In part fan de ynwenners is wanhopich en wurdt yn de hannen fan it populisme dreaun.

 

Wy sjogge it foar ús eagen barren en meie de klappen opfange.

 

Noch in kear de oprop oan jimme: los saken op en gean oan de slach, bestjoer. Meitsje begryplike karren, lis dy út en jou perspektyf. Der is wurk, in hiel soad wurk te fersetten.

  

Sijbe Knol,

Fraksjefoarsitter FNP Fryslân.



Tags: Polityk Den Haach

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2022 FNP Fryslân - Disclaimer