NIJS   13-09-2022


Seis Steatefraksjes freegje oan it kolleezje: wêr is de NAM mei oan de gong?

Seis Fryske Steatefraksjes, GrienLinks, FNP, PvdA, PvdD, SP en D66 meitsje har soargen oer de ûntwikkelingen rûnom de NAM, de ferkeap fan gasfjilden, de gaswinning en de Waadsee. De fraksjes stelle fragen oan it kolleezje fan Deputearre Steaten

Wêr is de NAM mei oan de gong?
Jochem Knol, út namme fan de seis partijen: ‘Wy freegje ús ôf wat de NAM allegearre útspûket. De NAM ûndersiket de diskusje rûnom de gaswinning: wêrom eins? Wat is de tafoege wearde dêrfan? Dêrnjonken sette Shell en ExxonMobil gasfjilden te keap: wat is dêr de bedoeling fan? En: wa keapet dy gasfjilden (en de fergunningen om dy te winnen)? Hoe foarkomme wy aanst skea by ierdgaswinning yn Fryslân en ûnder de Waadsee?'

 

Ekonomysk belang liket te gean boppe feiligens fan minsken
It ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat (EZK) kriget foar de beslútfoarming de advizen fan it Steatstafersjoch op de Minen (SodM), it KNMI en TNO oer de gefolgen en risiko's fan gaswinning. Ut de ferhoaren troch de parlemintêre enkêtekommisje kin ôflaat wurde dat advizen fan it SodM yn it ferline oan de kant reage binne en ekonomyske belangen de oerhân krigen boppe de feiligens fan minsken. De advizen dêr't de minister him op basearret binne dêrneist ek net lyklûdich. De partijen freegje dêrom oan it kolleezje fan Deputearre Steaten: ‘Binne dy advizen foar alle belutsenen iepenbier? As dat sa is, kinne jo dan oanjaan oft de advizen lyklûdich binne en wat der krekt yn dy advizen stiet? Sa net, kinne jo der dan by de minister fan EZK op oanstean dat dy advizen sa gau mooglik iepenbier makke wurde?'

 

Gasfjild by Ternaard ûnder de Waadsee net ferkeapke
Ta einbeslút freegje de partijen oft it kolleezje fan betinken is dat op grûn fan de besteande wet- en regeljouwing (lykas de Mynbouwet en/of de Natuerbeskermingswet) it kabinet it gasfjild by Ternaard ûnder de Waadsee bûten de ferkeap troch Shell en ExxonMobil hâlde kin. Jochem Knol, út namme fan de seis partijen: ‘Wy fine dat der gjin fergunning ôfjûn wurde kin foar it gasfjild by Ternaard ûnder de Waadsee. It ferkeapjen fan dat gasfjild makket dat noch yngewikkelder as dat it no al is. Net dwaan, dus...'



Downloads:
Skriftlike fragen oer ûndersyk nam gaswinning


Tags: Gas- en saltboarings

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2022 FNP Fryslân - Disclaimer