Yde hat jierrenlang wurksum west foar de FNP Steatefraksje en wie lid fan it Algemien Bestjoer fan it Wetterskip foar de FNP. Yde waard mei syn ûnderfining, en syn reewilligens om dat mei elk te dielen, troch syn kollega's tige wurdearre. Mei syn ferstjerren ferlieze wy in tige belutsen kollega, wurknimmer en kammeraat.
Wy winskje de famylje in protte sterkte mei dit ferlies.
FNP Steatefraksje
FNP Wetterskipsfraksje
Stifting FNP Steatefraksje
Haadbestjoer FNP
De kremaasjeplechtichheid fan Yde is op sneon 1 oktober om 10.00 oere yn Crematorium Haskerpoort, Haskerpoarte 2, 8465 HP Aldehaske.
Fan 9.30 oant 10.00 oere is der gelegenheid ta skriftlik kondolearjen.