NIJS   04-11-2022


FNP hat grutte soarch oer sleauwe hâlding provinsje by Frysk oan de universiteit

De FNP Steatefraksje hat in soad fragen by de opfolging fan de heechlearaar Fryske Taal en Kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins. De kommende jierren sil ûndersyk en ûnderwiis yn de Fryske taal net langer yn hannen wêze fan in heechlearaar, mar fan in universitêr dosint. De FNP stelt skriftlike fragen en fernuveret him der bot oer dat it kolleezje fan Deputearre Steaten him sa maklik by de keazen oanpak dellein hat.

In jier lyn easke it provinsjebestjoer ommers noch in folweardige posysje fan de Fryske taal oan de Ryksuniversiteit Grins en drige dermei om de finansiering yn te lûken. De keazen oanpak liket dêroan net te foldwaan. Wêrom is it stânpunt no omslein? Wat is der yn de oerlizzen mei de universiteit wiksele? En hoe ferhâldt him dat mei de ôfspraken dy't der ynternasjonaal en mei it Ryk binne oer it universitêre Frysk? Soene dy ôfspraken miskien oanskerpe wurde moatte?

 

De FNP fynt dat de oerheid garant stean moat foar it beskikber wêzen fan in folweardige universitêre stúdzje Frysk en de mooglikheid om it Frysk op universitêr nivo te ûndersykjen. Mei it ferdwinen fan in heechlearaar Frysk ferdwynt dat ideaal fierder út byld.

 

Wurdfierder Sijbe Knol: 'It ûntbrekt folslein oan diedkrêft, oan it besef dat hjir mooglik in histoarysk flater makke wurdt. Ik fernuverje my ek oer de polityk, it bliuwt fierstente stil.'

 

It ûnderwiis en ûndersyk oan de universiteit is hiel wichtich om kundige minsken op te lieden om oan it ferlet binnen bygelyks it ûnderwiis, de media en de oerheid yn Fryslân te foldwaan. Fryslân hat stevige ambysjes mei it Frysk, ûnder mear mei it Taalplan 2030. Dêrfoar binne goede minsken nedich. In betingst dêrfoar is in folweardige oplieding Frysk oan de universiteit. It ûnderwiis moat beskikber, oantreklik en tagonklik wêze foar aspirant-studinten. 



Downloads:
Skriftlike fragen frysk oan de rug
Antwurdbrief ds oer frysk oan de rug


Tags: Frysk en Meartaligens

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer