NIJS   15-11-2022


FNP sprekt yn it Europeesk Parlemint oer de MSC Zoe

Europeeske help nedich foar feiligens kontenerskipfeart



Woansdei 16 novimber sil Frank de Boer út namme fan de FNP sprekke op in konferinsje oer maritime feiligens, dy't yn it Europeesk Parlemint organisearre wurdt. De konferinsje giet oer de lessen dy't leard binne fan eardere grutte skipsrampen lykas de Erika foar de kust fan Bretagne en de Prestige dy't foar de kust fan Galisië/Noard-Spanje ta in soad oalje-fersmoarging laat hawwe. It is dizze wike presys tweintich jier lyn dat de Prestige ferûngelokke is. De twa ûngelokken hawwe dêrnei laat ta strangere Europeeske regels.

 

FNP-er Frank de Boer sil it hawwe oer it ûngelok mei de MSC Zoe, no hast fjouwer jier lyn, en dêrby yngean op de needsaak fan ynternasjonale gearwurking en ynternasjonale regels om sokke ûngelokken yn de takomst foar te kommen.

 

De konferinsje wurdt live streamd fia https://ep.interactio.eu/lskt-kpl8-2n16.  It begjint om 15:00 oere en duorret oant 18:15 oere. 



Downloads:
Programma fan de eu konferinsje
Presentation frank de boer


Tags: Europa, Waadsee

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer