NIJS   17-11-2022


FNP-riedslid nei Brussel foar workshop oer mear froulju yn de polityk

Freed sil FNP riedslid Dieke van der Pol út Waadhoeke meidwaan oan in workshop oer de partisipaasje en empowerment fan froulju yn de polityk. Dy sil plak fine yn it Europeesk Parlemint yn Brussel en wurdt organisearre troch de European Free Alliance (EFA), de Europese partij dêr’t de FNP by oansletten is.

De EFA is in Europeeske partij dy't sa'n 50 partijen oer hiel Europa ferienet, partijen dy't sels mear te sizzen hawwe wolle oer wat der bart yn de eigen regio. De partij fynt it hiel wichtich dat minsken meiprate en meibeslute en dêrby mei fansels de stim fan froulju net ûntbrekke. Yn de praktyk blike der dochs faak obstakels te wêzen, wêrtroch minder froulju as manlju yn de polityk aktyf binne.

 

Om dy reden hat de EFA twa jier lyn it Women's Forum oprjochte, in wurkgroep dy't wurket oan de partisipaasje en empowerment fan froulju yn de polityk. Troch ûnderfiningen te dielen en de rol fan froulju yn de polityk te bepraten kinne dy obstakels opromme wurde.

 

Dieke van der Pol: 'Ik bin benijd nei wat de oare dielnimmers sizze sille oer hoe't wy der foar soargje kinne dat mear froulju aktyf wurde de polityk. De ferhâldingen binne ûngelyk, ek yn Waadhoeke sitte der mear manlju as froulju yn de gemeenteried. In mear likense ferhâlding soe tink ik goed wêze foar de kwaliteit fan ús besluten.'

 

By de workshop yn Brussel sille freed ferskillende froulike politisy út hiel Europa oan it wurd komme, derûnder ek leden fan it Europeeske Parlemint, fan de parleminten fan de Faeroer eilannen, de Balearen, út Kataloanië en Koerdistan. 



Tags: Europa

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2022 FNP Fryslân - Disclaimer