NIJS   18-11-2022


Bert Vollema foar FNP yn Wetterskipsbestjoer

Bert Vollema (54) fan Tsjom wurdt yn it Algemien Bestjoer fan it Wetterskip de opfolger fan de yn septimber hommels ferstoarne Yde Dijkstra fan Ljouwert. De beneaming sil plak fine yn de AB-gearkomste fan it Wetterskip fan 22 novimber oankommend.

Vollema stie by de Wetterskipsferkiezings fan 2019 op it tredde plak fan de FNP-list en is dêrmei de earste opfolger.

 

Vollema is yn it deistich bestean biologysk melkfeehâlder en wennet mei syn frou en bern op de pleats Grut Tolsum ûnder Tsjom. Op dit stuit is Vollema as riedslid yn gemeente Waadhoeke foar de FNP  al bestjoerlik aktyf.  Dêrnjonken is Vollema warber yn de Agrarische Natuurvereniging ‘de Greidhoeke'. Hy sit him dêrby yn foar agrarysk natuerbehear by de boeren, mar ek foar mear bioferskaat lâns kuierpaden om de natuergebieten Skrok en Skrins hinne.

 

Koartlyn is Bert Vollema foar de FNP keazen as listlûker by de kommende Wetterskipsferkiezings yn maart 2023.



Tags: Wetter

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2022 FNP Fryslân - Disclaimer