Om dy reden stelt de FNP Steatefraksje fragen oan it kolleezje fan Deputearre Steaten, om te witten te kommen wat de konsekwinsjes fan de needferoardering binne op de prosedueres dêr't de provinsje ferantwurdlik foar is of wêryn't bygelyks gemeenten de regels fan de provinsje Fryslân tapasse.
Konkreet lizze de nije regels in guon gefallen maksimale termyn fan ien of trije moannen op wêryn't de oerheid beslute moat. Yn inkelde gefallen wurdt sels automatysk in fergunning ferliend as de oerheid net flot genôch mei in reaksje komt. Ek moat it belang fan enerzjyprojekten heger wurdearre wurde tsjinoer oare belangen en falt de plicht foar in miljeu-effektbeoardieling yn guon gefallen wei.
De FNP wol witte wat dat betsjut foar sinne- en wynenerzjyprojekten yn Fryslân, foar de útbou fan it enerzjynetwurk en hoe't him dat ferhâldt ta it belang fan it behâld fan ús moaie Fryske lânskip. Dêrneist hat de party noed oer de rjochtsbeskerming fan omwenners, fan ús ynwenners en bedriuwen..