Achte FNP-leden,
Op 6 july skreaunen wy jimme oer it bestjoersakkoart dêr't de FNP har ferantwurdlikens foar nimme sil. Doe koene wy noch neat oer de ynhâld sizze. Yntusken is it akkoart tastjoerd oan Provinsjale Steaten - ús heechste bestjoerlike orgaan. En hjoed is it dan ek safier en wurdt it akkoart presintearre oan de bûtenwrâld.
Wy binne tige grutsk op it akkoart sa't dat der no leit. Mei dit skriuwen wolle by jimme graach meinimme nei de saken dy't wy as FNP binnen helle hawwe. Saken dy't ús goed passen en dêr't wy bliid fan wurde. In folslein oersjoch fine jimme op de link ûnderoan it berjocht.
‘Oparbeidzje foar Fryslân', wy strûpe de mouwen op en geane oan it wurk!
De FNP Steatefraksje
Gerben van der Mei, Dinie Visser, Sijbe Knol, Sita Land-Dotinga,
Thom Feddema, Tjitte Hemstra, Aukje Holtrop en Frank de Boer.