Reden fan de soargen is de fiergeande konsintraasje fan medysk spesjalistyske soarch yn it MCL yn Ljouwert en it UMCG yn Grins. Dêrtroch wurde funksjes yn oare sikehuzen en soarchsintra útklaaid. It soe in gefolch wêze fan de koers dy't 'De Friesland' fart om safolle mooglik saken te konsintrearjen yn Ljouwert en Grins.
Fan Deputearre Steaten wol de FNP fraksje witte oft hja ‘De Friesland' oansprekke sille op harren nije koers en de ûnrêst dy't it mei bringt. "Binne in heal oere autoriden moat beskikt wurde kinne oer akute soarch", seit wurdfierder Corlienke de Jong, "der sil ferplicht foldien wurde moatte oan berikbere soarch foar eltsenien". It sikehús fan Dokkum, ‘De Sionsberg' wurdt net iens mear neamd yn de fisy fan ‘De Friesland', de FNP wol graach witte wat dat betsjut foar de ynwenners fan Noardeast-Fryslân en omkriten.