Op 24 novimber kinne de leden neiprate oer de ferkiezingsútslach op de Algemiene Ledegearkomste. De wurklist en útnûging steane op de foarside fan de Frijbûtser. Yn dit nûmer fierder nijs fan it Partijhûs, de Kaderkommisje en wiidweidich ferslach fan de nijste aksjes fan de FNP Steatefraksje.
Fan de ôfdielings: FNP Dongeradiel, Kollumerlân en Ferwerderadiel hawwe mei-inoar sukses boekt mei in moasje foar behâld fan de greidefûgels. Symke Nieboer docht entûsjast ferslach fan in nijsgjirrige byienkomst fan de EFA-Youth yn Valencia. En ta beslút jout Wijbe Postma fan Eastermar ûnder de kop 'gearkomsten' in aardich oersjoch fan syn FNP-karriêre. Hy docht dat yn de nije rubryk 'De leden oan it wurd'.
Taheakke: