Fotoferslach: Bijlsma Hercules - in eksport ekspert
De FNP Steatefraksje en ôfdieling Frjentsjerteradiel hawwe op wurkbesite west by Bijlsma Hercules yn Frjentsjer. De ôfdieling hie dit neffens fraksjefoarsitter Jan Dijkstra al langer op har winskelistje stean ‘om't dit in grut bedriuw is dat foar in flink stik wurkgelegenheid yn de regiospesifike sektor, de ierdapeltylt, soarget'. Der wurkje leafst 74 minsken. Mar it is fansels foaral ek in grutte eksporteur en lit dêr no krekt de kommende tiid yn de Steaten oer praat wurde! |
![]() |
Jan Bijlsma, de tredde generaasje yn dit prachtige famyljebedriuw (sûnt 1938) hat ús hielendal bypraat op it mêd fan har "crop handling", "grading" en "industry" masinen. We wiene foaral ek ûnder de yndruk fan it grutte tal lannen wêr't de masinen hinne geane. Bijlsma Hercules is dúdlik in ekspert op it mêd fan eksport.
|
![]() |
Yn it fabryk koene we sjen hoe't der wurke waard oan in ierappelsortearder foar Chili en in woartelstoarter foar Switserlân.
|
![]() |
En fansels hawwe we ek de nijste útfining besjoen: in ierdapelpoetser. Want as alles as maatwurk makke wurdt, is ynnovaasje hast in standertaktiviteit.
|
![]() |
Dat de wurknimmers it hjir ek nei it sin hawwe wurdt wol dúdlik út har tsjinstjierren en dat is fansels fuort ek ien fan de sterkste punten fan it bedriuw.
|
![]() |
Wat dat oanbelanget is Bijlsma teloarsteld oer de nije partisipaasjewet. ‘In wurkjouwer wurdt twongen bepaalde meiwurkers te "labeljen" dy't no in min of mear fanselssprekkend plak tusken de meiwurkers hawwe', sa seit direkteur/eigener Jan Bijlsma.
|
![]() |
|
![]() |
By de ein fan de wurkbesite hat Steatelid Sybren Posthumus út namme fan de FNP it bedriuw dêrom ek komplimintearre mei de eksportkânsen dy't mei beide hannen fersulvere binne. It mei dúdlik wêze dat wy wiis binne mei sa'n moai bedriuw yn ús gemeente en yn Fryslân! |