NIJS   29-01-2019


Soarch oer leefberens by húsfesting tydlike wurknimmers

De húsfesting fan arbeidsmigranten mei net ten koste gean fan de leefberens yn doarpen en stedswiken. De provinsje soe in rol spylje moatte by dit gemeente-oerstiigjende probleem. FNP-Steatelid Klaas Fokkinga hat fragen steld oer de kwestje oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten.

"Yn Brabân groeit it gemeenten al boppe de holle" (Klaas Fokkinga oer arbeidsmigranten)

Provinsjale oanpak

Oanlieding foar de fragen fan de FNP binne de resinte inisjativen om ta belied te kommen yn de gemeenten Waadhoeke en It Hearrenfean. De problemen mei húsfesting fan tydlike wurknimmers spylje rûnom yn Nederlân. Wurdfierder Fokkinga freget him dêrom ôf oft it net tiid wurdt foar in provinsjale oanpak: ‘Yn Brabân hawwe provinsjale Steaten al besletten ta in ‘Deltaplan huisvesting arbeidsmigranten' om't de problemen mei oerlêst en leefberens de yndividuele gemeenten boppe de holle groeie'.

 

Sosjale koheezje

De FNP wol fan deputearre Kielstra witte oft hy ek sjocht dat de grutskalige húsfesting fan tydlike wurknimmers net befoarderlik is foar de leefberens en sosjale koheezje yn doarpen en wiken. Kin de provinsje bygelyks it saneamde wetterbêd-effekt tsjingean, wêrby arbeidsmigranten fan de iene nei in oare gemeente sleept wurde, dêr't de regels faaks minder strikt binne? Fokkinga wiist hjirby op de berjochten yn de media hjoed dat groepen Poalske wurknimmers alle dagen fan harren húsfesting op It Hearrenfean nei Ljouwert riden wurde.

 

Wurkgroep

By it ombouwen fan frijkommende pleatsen en oare gebouwen foar húsfesting op it plattelân, komme der mooglik provinsjale regels oan te pas. De problematyk is dan wer oars as by grutskalige húsfesting yn in grut plak lykas Hearrenfean. De FNP freget oft de provinsje om dy reden ek oanslute wol by de wurkgroep dy't de gemeente Waadhoeke ynsteld hat om de problemen yn kaart te bringen.

Downloads:
20190129 FNP hûsfesting tydlike wurknimmers.pdf


Tags: wenje yn fryslan, wurkje yn fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer