De folsleine sektor fan harmonie-, fanfare- en brassband-orkesten mist no yn de kultuernotysje ‘Kultuer oan ‘e Kime' fan de provinsje Fryslân. En dat docht gjin rjocht oan de posysje fan de bloeiende Hafabra yn Fryslân, sa fynt de partij.
"Neiere kontakten mei it fjild jouwe oan dat ék de HaFaBra tige ûnderskiedend is as keunst-utering", seit FNP-wurdfierder Corlienke de Jong. "De Hafabra is sterk ferankere yn de Fryske Mienskip, der binne hûnderten orkesten". Ofrûne wike by it útrikken fan de Fryske Poppriis hie kultuerdeputearre Sietske Poepjes noch in negatyf boadskip oan de Hafabra-sektor: ‘Fryslân is gjin Sudersee-museum'.
De FNP fynt dat fierstente negatyf. Der binne krekt tal fan fernijings, lykas ‘Korps in de klas', it projekt ‘Van krimp naar groei' en titels by it Wereld muziek concours. De FNP hat krekt grutte wurdearring foar de HaFaBra-sektor!
De FNP-Steatefraksje konstatearret dat de Hafabra-sektor in grut diel útmakket fan it Frysk erfguod. De Hafabra draacht by oan kultuerpartisipaasje en talintûntwikkeling. De partij kin him dus net fine yn it boadskip fan Deputearre Poepjes, omdat de Hafabra allang in aktueel en modern aspekt is yn de Fryske muzykkultuer.