Steatelid Wopke Veenstra wiist op de klachten dy't der út de agraryske sektor komme oer de ‘tige stroeve' prosedueres fan POP-3. Boeren of organisaasjes dy't ôfwiisd wurde kinne net goed sjen wêrom at se gjin jild krije. ‘It byld ûntstiet no dat de biologyske, grûnbûne en natuerynklusive lânbou oan de krappere ein komt neffens de ‘gongbere lânbou'. Veenstra wol sifers sjen dy't dit ûnderbouwe of ûntkrêftsje kinne.
De FNP wol yn it foarste plak witte oft it wier is dat ‘biologyske' oanfragen folle faker ôfwiisd wurde. De wurdfierder freget ek hokker bedraggen der mei de oannommen en ôfwiisde projekten anneks binne. Fierder wol hy ynsjoch yn de motivaasje fan de ôfwizingen. Kloppet it dat biologyske boeren faker te hearren krije dat hja ‘net ynnovatyf' genôch binne? De FNP wol graach dat de deputearre soarget dat de POP-3 regeling yn de takomst ynhâldlik better ôfstimd wurdt op it provinsjale lânboubelied. ‘Dus graach mear omtinken foar biologyske, grûnbûne en natuerynklusive lânbou.'