Wurdfierder Klaas Fokkinga fan de FNP wol útlis oer de fertraging by de oanlis fan taseine tunnels yn de krusingen Boalsert-Noard, Wommels-Noard en Burchwert. Hy fernuveret him der oer dat de Steaten út de krante en fan wethâlders hearre moatte dat der problemen binne. Fokkinga freget om de ynhâldlike oarsaken foar de finansjele oerskrieding lykas dy summier yn de provinsjale Jierrekken 2016 suggerearre wurdt.
Fokkinga: ‘De FNP wol der fan op oan kinne dat der hoe dan ek trije ûngelykflierse krusingen komme. Dêr is ein 2014 yn de Steaten om frege mei in moasje en it is tasein oan de streek. Der hat maatskiplik en polityk in soad om te dwaan west.' Yn 2015 is 12 miljoen beskikber steld. De fraach is no oft de foarsjoene mearkosten opfongen wurde kinne binnen it rinnende projekt, of dat de deputearre werom moat nei de Steaten om jild. It wurk soe yn 2018 begjinne; de fraach is no oft dat noch wol realistysk is.