Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Rapport 'Geldstromen tussen het Rijk en de provincie Fryslân'

De FNP wol mear ynvestearje yn de sosjaal-ekonomyske struktuer fan Fryslân. No giet it measte jild nei útkearingen.

geldstromen

Klik hjir nei it folsleine rapport fan it COELO 

 

Reaksje FNP

De FNP is wiis mei tastânkommen fan it rapport fan it COELO . Foar it earst is no in djipgeand ûndersyk útfierd nei de finansjele streamen tusken it Ryk en de provinsje Fryslân yn brede sin. De FNP komplimintearret de ûndersikers mei it ûnbidige wurk dat it lêste jier dien is. It rapport befêstiget in soad saken mar ropt ek wer nije fragen op. Yn it foarste plak wurdt troch it ûndersyk befêstige dat Fryslân in wingewest is as it giet om ierdgasbaten.

 

Yn it twadde plak wurdt befêstige dat der yn Fryslân relatyf in soad minsken binne mei in útkearing. Dat betsjut dat it Ryk dêr relatyf mear kosten foar makket as yn de rest fan Nederlân. Minsken hawwe hjir gemiddeld ek in leger ynkommen. De ekonomy mei it bedriuwslibben is hjir per ynwenner minder grut as yn Nederlân gemiddeld. Dat ferklearret foar in fiks part de legere belestingopbringsten út Fryslân wei.

 

As tredde is te sjen dat it Ryk fierstente min útjout en ynvestearret oan krusiale sektoaren yn Fryslân, fergelike mei de rest fan Nederlân. Lykas ekonomy, wittenskip en (heger) ûnderwiis, ynfrastruktuer, media en kultuer. Mei dêrtroch bliuwt de sosjaal-ekonomyske struktuer minder sterk as kinne soe. Wy hawwe hjir gjin universiteit. Der is sprake fan 'braindrain' om't jonge minsken de provinsje ferlitte. Mei dêrtroch hawwe de bedriuwen nei ferhâlding ek minder ynnovaasjekrêft. De oerbliuwende befolking (in soad mei AOW) wurdt relatyf âlder.

 

Politike konklúzje

De fraach nei oanlieding fan dizze sifers is no: wat is effektiver, effisjinter en better foar ús ynwenners? Trochgean mei jild útjaan oan útkearings of dy belestingsinten ynvestearje yn in sterkere sosjaal-ekonomyske struktuer foar de regio? De FNP kiest foar it lêste. Der is sprake fan in grutte ûnbalâns oan de útjeftekant. Wy wolle mear ynvestearje yn ekonomy, ynfra, wittenskip, ûnderwiis, media en kultuer. Dat betsjut struktureel mear wurk foar de minsken yn Fryslân. Dêr hawwe sawol it Ryk as Fryslân úteinlik baat by.



Downloads:
Reaksje FNP op coelo-rapport geldstromen
Presentatie coelo rapport 19 juli 2018
Presintaasje FNP coelo-rapport 19 july 2018


Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)