Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP: Soargen oer ferplichte asbestsanearing Fryslân

Fan út de media hat de FNP fernaam dat de Twadde Keamer besluten hat dat alle asbest op dakken yn Nederlân, dus ek yn Fryslân, per 31 desimber 2024 saneard wêze moat. Der is yn de Twadde Keamer ynstimd mei dit wetsfoarstel. De FNP Steatefraksje hat hjirop skriftlike fragen oan Deputearre Steaten steld.

Asbest

It docht bliken dat der minsken finansjeel yn ‘e knipe komme omdat it relatyf in soad jild kostet om asbest te sanearen. Op Omrop Fryslân telefyzje (23-10-2018) wie in ynterview te sjen mei in famylje dy't sa'n 100.000 euro nedich hat om alle asbest ferwiderje te litten. Dat bedrach kinne hja perfoarst net opbringe. Om de sanearing ‘faseard' te dwaan soe in opsje wêze kinne mar foar de measten sil dit net finansjeel net slagje foár desimber 2024.

 

De FNP Steatefraksje wol fan Deputearre Steaten witte oft der in mooglikheid is om de lege subsydzjepot fan de regeling "Asbest er af, postcoderoos er op" wer oan te foljen en breder te lûken as allinnich foar gruttere agraryske bedriuwen. Ek freget de FNP har ôf oft der genôch kwalifisearre personiel is om dizze grutskalige asbestsanearing út te fieren. Om in goed byld te krijen fan it probleem is de ynventarisaasje fan asbestdakken yn Fryslân nedich.



Downloads:
FNP skriftlike fragen oer soargen ferplichte asbestsanearing dakken.pdf


Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)