Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP: mear foech is better foar Fryslân

Ljouwert – De FNP is fan betinken dat Fryslân folle mear sizzenskip krije moat omdat dat in soad foardielen foar de ynwenners fan Fryslân opsmyt. Dat docht bliken út de FNP-takomstfisy ‘Fryslân sels oan it roer’ dy’t op 24 oktober presintearre is.

Dqr979sxcaai0zp

De foardielen binne in hegere ekonomyske groei en dêrmei minder wurkleazen, it behâld fan jong talint foar de regio (ûnder oare mei in eigen folweardige universiteit), in duorsum Fryslân dat folslein yn syn eigen enerzjy foarsjen kin, in bettere sprieding fan foarsjennings en in bestjoer dat tichter by de boarger stiet. 

                         

Basis fan de útwurke fisy is dat besluten oer Fryslân ek it bêste yn Fryslân sels nommen wurde kinne. Sadat der troch de regio (Steaten fan Fryslân) maatwurk levere wurde kin foar ús mienskip. Dat jout foardielen foar de minsken yn Fryslân sels mar it jout ek foardielen en kânsen foar de rest fan Nederlân. Mei mear sizzenskip bedoelt de FNP dat Fryslân in bysûndere posysje yn it Keninkryk krijt, in regio mei wetjaand foech én de byhearrende budzjetten om de taken goed út te fieren. Dat is te ferlykjen mei regio's as Wales, Súd Tirol yn Itaalje of Ostbelgien yn België. De helte fan de regio's yn de EU hat al ekstra foech krigen. Neffens FNP-Steatelid Sybren Posthumus ‘is it net mear fan dizze tiid dat hast alle besluten yn Den Haach nommen wurde'.

 

Op dit stuit is it sa dat der yn Fryslân in soad ferlies is fan talint (‘braindrain'), altyd mear wurkleazens as gemiddeld yn Nederlân, binne der legere ynkommens yn Fryslân, is der skea troch gas- en sâltwinning en is de befolking net tefreden oer polityk-Den Haach. Sa fynt mar 15% fan de Friezen dat de Nederlânske regearing wit wat der spilet yn Fryslân! En bliuwt de driging fan opskaling yn in ‘noardlik lânsdiel', wat de befolking fan Fryslân perfoarst net wol.

 

Mei de nije fisy biedt de FNP in better perspektyf. Wittenskiplik ûndersyk hat oantoand dat regio's mei mear foech in signifikant hegere ekonomyske groei hawwe.

Yn de nije situaasje hat Fryslân sels lobbyisten yn Den Haach en Brussel. En in eigen fertsjintwurdiging (kantoar) yn Brussel. Fryslân hannelet sels de subsydzjesaken ôf mei de EU. Dat giet net mear fia in omwei. Doel is mear subsydzjes yn te heljen en it bedriuwslibben te helpen. It Fryske parlemint kin yn de takomst sels ûnsinnige wetten ôfskaffe of oanpasse. Mei it folle gruttere budzjet kin in grutte ympuls jûn wurde oan bygelyks de (sikehûs-)soarch, it iepenbier ferfier, kultuer en kinne de lêste problemen mei grutte diken oplost wurde (Skarsterrien, sluzen ôfslútdyk). Fansels wol de FNP de befolking belûke by de plannen. De fisy is as earste útrikt oan fertsjintwurdigers fan de aksjegroepen ‘Tsjingas' en ‘Red de Sionsberg' (foto).   



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)