Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP: Kreative oplossingen betinke foar tekoart oan soarchpersoaniel plattelân

De FNP hat kundskip naam fan it berjocht op Omrop Fryslân dat guon soarchynstellings op it plattelân minder maklik oan persoaniel komme kinne. Ut de berjochten docht bliken dat benammen it ferfier fan it wenplak fan mooglike persoanielsleden, dat meastentiids yn de stêden is, nei de de soarchynstellings op it plattelân in knipepunt is.

Kaart frysln

De FNP fynt it tige wichtich dat de soarch foar elts goed berikber is en bliuwt, ek op ús Fryske plattelân. De FNP wol dêrom fan Deputearre Steaten witte wat hja dwaan kinne om dit probleem op te lossen. De provinsje hat in dúdlike taak oangeande it plattelânsbelied en it iepenbier ferfier.

 

De FNP freget him ôf oft spesjale soarchbuskes of it beskikber stellen fan (diel) lease auto's in oplossing biede kinne soe. De FNP wol dat Deputearre Steaten hjir wurk fan makket en besjocht wat de mooglikheden binne. Neffens wurdfierder Corlienke de Jong is dizze wike hiel dúdlik wurden dat it besteande soarchsysteem de soarch net berikber hâlde kin foar eltsenien. Hja wiisd op de ferantwurdlikheid foar  it provinsjaal bestjoer om kreatyf mei gemeenten en soarchoanbieders te tinken om de soarch foar elts berikber te hâlden.

 

  



Downloads:
FNP skriftlike fragen tekoart soarchpersoniel platteln.pdf


Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)