Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Nijsbrief FNP Steatefraksje desimber 2010

Dupearren pealrot bliid mei ynset FNP

 

 

Noflike feestdagen en in goede start fan 2011

Annigje 2011 lyts  

As 'kersverse' listlûker foar in nije FNP fraksje winskje ik jim mei út namme fan Johannes, Pytsje, Douwe, Auke, Sybren, Janke en Yde hiele noflike feestdagen en polityk súkses yn it nije ferkiezingsjier. 

 

Annigje Toering  

 

Reaksje? Mail toeringsis.fryslan.nl

 

 

 

 

Dupearren pealrot bliid mei ynset FNP

Pealrot skea  

Reaksje fan Ko van den Brink, bestjoer Belangen Vereniging Funderings Problemen Fryslân op berjochtjouwing oer provinsjale regeling pealrot

 

Lês mear 

 

 

 

Nijs út de Steaten fan 15 desimber: jild foar Marreprojekt Wymbrits

douwe 1  

Stipe foar Fryske Marreprojekt Wymbrits; Ynterpellaasje oer skorsing Tariedings Sintrale As troch Raad van State; fragen oer greidefûgels en Wyldemerk; plattelânsbelied; nije ympuls foar Iepenbier Ferfier en Fytsbelied yn Fryslân.

 

Lês mear 

 

 

 

Krisis Eurolannen ek strop foar Fryslân?

 1 euro  

In part fan it provinsjaal fermogen sit yn steatsobligaasjes fan lannen lykas Ierlân en Spanje. Troch de krisis yn de Eurosône hat de provinsje Limburg in papieren ferlies fan € 17 miljoen op sokke obligaasjes. Wurdt dit ek in strop foar Fryslân?

 

Lês mear 

 

 

 

FNP: nei in griener Lânboubelied  

 pytsje lyts    

 

Pytsje de Graaf hat yn de Kommisje Lân Loft en Wetter pleite foar in 'griener' lânboubelied.

 

Lês mear

 

 

 

 

 

Begrutting 2011: grutte wegenprojekten mûnestien om'e nekke 

 Sybren 2011 lyts  

Sybren Posthumus joech in skot foar de boech yn de Steatekommisje.

De FNP ynvestearret leaver yn Ekonomy, de Fryske Universiteit en Plattelânsbelied.

 

Lês mear 

 

 

 

Wurkbesite Hengelsportfederaasje Fryslân 

 Hengelsportfederaasje 1  

 

De Steatefraksje fan de FNP wie de earste dy't yn petear gie mei it bestjoer fan de grutste rekreaasjeklub fan Fryslân (34 ferienings, 27.000 leden, 150.000 minsken dy't graach ris fiskje).

 

Lês mear

 

 

 

Johannes Kramer bêste politikus Fryske Steaten

 Johannes 2011 lyts  

Johannes Kramer is noch hieltyd de bêste politikus fan de Fryske Steaten. Dat sei in mearderheid fan kollega-steateleden op 15 desimber. Sy koene har foarkar yn in stimbus oanjaan. De opkomst wie net heech: 36%; dat moat perfoarst heger op 2 maart!  

 

Reaksje? Mail kramersis.fryslan.nl

 

 

 

 

FNP by foarronde Nasjonaal Jeugddebat

 Nationaal Jeugddebat groen geel rood en blauw  

 

Op 8 novimber wie de Fryske foarronde fan it Nasjonaal Jeuddebat.

De FNP wie der by. Auke Bijlsma docht ferslach.

 

Lês mear

 

 

 

 

 

Auke Bijlsma eareboarger Ternherne 

 Auke 2011 lyts  

 

 

Auke Bijlsma is beneamd ta Eareboarger fan Terherne. Hy krige dizze titel foar syn jierrenlange oanhâldende ynset foar de mienskip. Yn doarpsbelang, mei it preamsilen, as Terhernster riedslid en wethâlder fan de gemeente Boarnsterhim en folle net genôch.

 

Reaksje? Mail a.bijlsmasis.fryslan.nl

 

 

 



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)